Te min foardielen foar beropsfarwei troch de Hegewarren

juny 29, 2022 10:27

In farwei foar binnenfeartskippen nei Drachten troch feangreidepolde de Hegewarren sil net genôch foardielen opsmite, konkludearret it kolleezje fan Deputearre Steaten nei in ûndersyk nei keppelkânsen fan de farwei mei de plannen om de polder opnij yn te rjochtsjen. Provinsjale Steaten nimme yn septimber in definityf beslút oer de polder én de farwei.

Earder makke it provinsjebestjoer al bekend foarkar te hawwen foar in wetterrike takomst foar de Hegewarren. It gebiet wurdt dan as rekreaasje- en natuergebiet ûntwikkele mei in haadrol foar wetter. Sa ferminderet de CO2- en stikstofútstjit, sakje de kosten foar it wetterbehear en is der romte foar wetterberging.

De besteande beropsfarwei nei Drachten rint troch De Alde Feanen en wurdt net as optimaal field. Oan ’e iene kant omdat der soargen binne oer de feilichheid op it wetter, oan ’e oare kant omdat de bedriuwen yn de Haven fan Drachten en de gemeente Smellingerlân graach wolle dat de haven foar gruttere skippen (klasse Va) berikber wurdt. Yn de gebietsûntwikkeling Hegewarren is socht nei keppelkânsen.

Tagelyk is der op it stuit neffens DS ûnfoldwaande ekonomyske needsaak om in nije farwei oan te lizzen. “De provinsje fynt de ekonomyske ûntwikkeling fan Drachten as twadde plak fan Fryslân tige wichtich, foar Smellingerlân én de haven. In nije farwei sit der no spitigernôch net yn. Nije omstannichheden kinne meidertiid ta nije ynsichten liede. Wy bliuwe dêr mei de gemeente oer yn petear, want wy binne as provinsje ferantwurdlik foar de berikberens fan de haven”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

Mear ynformaasje:
MKBA Vaarweg Drachten – Actualisatie Economische Analyse Vaarweg naar Dr
en Notitie Maatvoering

juny 29, 2022 10:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.