Tall Ships Races Harns presintearret programma

juny 30, 2022 08:47 Fernijd

Harns is der klear foar. Tongersdeitemoarn 14 july ferwolkomje tsientûzenen minsken fjirtich prachtige grutte skippen. De tradisjonele Sail In Parade is de start fan in mega-evenemint dat fjouwer dagen duorret. Tall Ships Races 2022 presintearret him mei in wiidweidich, fariearre en ferrassend programma.

Boarne: Harlingen Sail

Neffens ferwachting komme der 300.000 besikers nei de Fryske havenstêd. Dêrmei is it ien fan de grutste eveneminten fan Nederlân. Mei konserten fan topartysten op ferskate poadia. Blikken spacecruisers binne yn de histoaryske binnenstêd te sjen en in reuzerêd jout in moai útsjoch op de grutte skippen. Dit jier komme se út Denemarken, Poalen, Dútslân, it Feriene Keninkryk, België, Noarwegen, Finlân, Letlân en Oman. Publyk mei oan board en kin ek meifarre. Kaarten kinne foarôf besteld wurde fia de webside en as der noch guon beskikber binne, ek op it eveneminteterrein.

De earste grutte skippen wurde tongersdei 14 july om 11.00 oere hinne yn ’e haven ferwachte, en dêrnei barste de festiviteiten los. De konserten binne op de poadia op it grutte eveneminteterrein: de Nije Willemshaven, de Flechthaven en de Suderhaven. It treinstasjon leit yn it eveneminteterrein. Yn de omkriten fan Harns binne ferskate grutte parkearplakken ynrjochte; dêr ride de hiele dei pindelbussen wei nei it evenemint. Kaarten dêrfoar binne ek fia de webside te reservearjen.

Muzykprogramma
De Australyske band Caravãna Sun toert op it stuit troch Europa en docht ek Harns oan. Ut Argentinië komt El Sonidero Insurguente. De ferneamde Marinierskapel treedt tongersdeitejûn op mei twa bekende Nederlânske/Fryske sjongeressen: Anneke van Giersberen en Elske DeWall. Ien fan de bêste Abba-tributebands, A-Fever, jout freedtejûn in sjo en The Amazing Stroopwafels lit syn klassike lietsjesrepertoire hearre. Sneontejûn ûntfange Hubert Heeringa & Friends ferskate sjongers en sjongeressen. En fierder binne der in shantykoarefestival en konserten fan ferskate artysten as Faske, Gerald Alderliefste & Friends, Bokito Brassband, Britten Jeugdorkest, Band Hotel, All Star Reggae, Plunder, Papaformigas en mear.

Teater, merk en Berne-eilân
Fêst ûnderdiel by de Tall Ships Races is de Crewparade. In fleurige optocht troch it sintrum fan Harns, dêr’t de bemanningen fan de skippen har yn unifoarm of útwrydsk ferklaaid oan it publyk presintearje. De parade kriget ekstra glâns troch muzyk fan dweil- en oare orkesten, dj’s en ôfwiksele mei bysûndere kreaasjes fan Abacus Theater. All Aboard is de namme fan de grutste sjochdoaze op ’e wrâld en oan ’e Suderhaven is op sneon en snein in bûnte merk. Op de Flechthaven is fjouwer dagen lang in vintagemerk, mei itensweinen en muzyk derom hinne. En fierder: de eksposysje In love with Ceceilie troch it Hannemahûs en it Frysk Skipfeartmuseum, it grutste reuzerêd fan Nederlân, in ferhalejûn fan Utsteld Lok, de Freonskip Karavaan fan Simon Vuyk & Friends, De Fryslân Apekoai XL, Timecruiser Theater, Paint a Future en in Berne-eilân.

Mear oer it programma stiet op ’e webside harlingensail.com. Dat is ek it plak foar praktyske ynformaasje oer bygelyks parkearjen en reizgjen mei trein en bus.

juny 30, 2022 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.