Swiere ierdskok yn Afganistan
Resint ferskynd

In swiere ierdskok op de grins fan Afganistan en Pakistan hat op syn minst 255 minsken deadien. Op syn minst 155 minsken binne ferwûne rekke.
De skok hie in krêft fan 5,9 op ‘e skaal fan Richter. Hy makke dat in protte huzen ynstoarten, benammen yn de stêd Chost. De huzen binne dêr net al te hecht en stoarte navenant fluch yn.
Om’t it ierdskokgebiet yn ‘e bergen leit en min oer de dyk te berikken is, moatte helpers troch de loft dêrhinne. Dat kostet in soad tiid en der binne net in protte wjukkel- en fleanmasinen yn Afganistan, dat de help komt mar stadich op gong. Buorlân Pakistan hat al help oanbean en de Europeeske Uny wol ek rêders dy kant op stjoere.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje