Swalker (gedicht)

juny 18, 2022 09:30 Fernijd

Sigrid Kingma (foto: Reyer Boxem/Boeken fan Fryslân)

‘Swalker’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân.

Sigrid Kingma: “Projekt Bosk is in mearke-eftige belibbing. It grien yn Ljouwert hat in bysûndere útwurking op foarbygongers. Minsken strike der as fûgels del en rinne sigesaagjend en fluitsjend troch nei harren wurk of ôfspraak. By Bosk heart poëzij.”

Op tongersdei 7 july sil de Dichter fan Fryslân mei dichters fan RIXT Frysk Dichterskollektyf en Dichter Bij Leeuwarden û.o. it gedicht ‘Swalker’ foarlêze op it Boskpoadium yn Obe, Poadium foar Literatuur, Keunst en Taal fan Tresoar.

Swalker

Der stapte in bosk op it stasjon om
der’t ik drompels yn bedobje koe
de stêd in freonlike sêftens
yn in rook fan swartebeiblêd.

Der siet in bosk by de bibleteek
der’t boekjelêzers yn fuortdreame oer
prinseskes dy’t stobben oankrûpe
tinzen fluitsje tusken tûken
fernimme hoe’t guon meibewege.

Dêr swalket er mei koarte poatsjes
statich troch de binnenstêd
op syk nei paradyslike sankjes
hommels de hoeke om.

Klavers op strykhichte weevje
in tekken fan grientinten lit my
ferdwine yn it filtere sinneljocht
nije stekjes stêd ûntdekke
djipwoartele langsten kennen leare.

Kalm fearjend beamtegrien
heint ferblide wylde fûgels
op klanken fan it hert
oan de ein liken as alles
wer útien mar frij en stadich
yn fêste grûn de hichte yn.

Sigrid Kingma | Dichter fan Fryslân

juny 18, 2022 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.