Suvelkoöperaasje Skiermûntseach kriget ien miljoen euro subsydzje

juny 24, 2022 08:33

De nije suvelkoöperaasje op Skiermûntseach kriget in bydrage fan ien miljoen euro fan de provinsje Fryslân foar it ferwurkjen fan de suvel fan de eilanner feehâlders. Dy bydrage makket it mooglik om op it eilân in suvelhoeve te realisearjen foar it meitsjen fan tsiis. 

Ko op Skiermûntseach (foto: Provinsje Fryslân)

De bydrage komt út de oerienkomst dy ‘t it Ryk en de provinsje yn septimber ferline jier mei de melkfeehâlders op Skiermûntseach sletten hawwe. It gebietsproses dêre hat laat ta in breed pakket mei ôfspraken dêr’t de natuer, it lânskip en it bioferskaat sterk by ferbettere wurde en tagelyk in perspektyf foar de lânbou binne.

Nije suvelhoeve yn ’e maak
De suvelkoöperaasje, dêr ‘t molkfeehâlders oan leverje, wol op Skiermûntseach in suvelhoeve realisearje om tsiis te produsearjen. Dit jier stiet yn it ramt fan de technyske en planologyske tarieding fan de bou. De start fan de bou is yn 2023, sadat de produksje fan tsiis yn 2024 úteinset. De provinsje draacht by yn de tariedingskosten, de kosten foar de bou fan de suvelhoeve en de ynvestearringen yn apparatuer. Op dit stuit wurdt trouwens op it fêste lân al tsiis fan Skier produsearre en sawol dêr as op it eilân ferkocht.

Stikstofreduksje
De molkfeehâlders op Skiermûntseach, de Vereniging Natuurmonumenten, de gemeente, de provinsje Fryslân, it Ryk en de agraryske natuerferiening Waddenvogels hawwe in plan betocht dêr’t de molkfeebeslach mei 38% by redusearre wurdt. Dat liedt ta in fermindering fan de stikstofemisje en -deposysje op it Natura 2000-gebiet. It ferlies oan ynkommen fan de melkfeehâlders wurdt kompensearre troch in hegere molkpriis en troch tsiis fan de eigen molke te meitsjen.

Op 25 septimber 2021 hawwe de belutsen feehâlders, deputearren Hoogland en Fokkinga, de direkteur fan ANV Waddenvogels en de doetiidske minister Schouten fan LNV in oerienkomst tekene mei dêryn in breed ôfsprakepakket. De sân boeren hawwe neffens ôfspraak it tal melke kij fermindere ta 375.

juny 24, 2022 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.