Subsydzjeoanfraach foar winkelgebiet binnenstêd Dokkum

juny 2, 2022 08:36 Fernijd

Dokkum (foto: Wikimedia Commons/Agnes Monkelbaan – CC BY-SA 4.0)

De gemeente Noardeast-Fryslân tsjinnet in subsyzjeoanfraach yn by it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat om de binnenstêd fan Dokkum libbener en oantrekliker te meitsjen. Yn ’e oanfraach binne in seistal partikuliere ynvestearringen opnommen en in tal werynrjochtingen fan strjitten foar de kommende sân jier.

Mei it programma Ympulsoanpak Winkelgebieten wol de oerheid stimulearje dat (parten fan ) winkelgebieten yn de binnenstêd omfoarme wurde ta takomstbestindige gebieten mei in stevige, sosjale en ekonomyske basis. Yn Dokkum stean sawol private as publike ynvestearringen op priemmen dy’t mei-inoar subsidiabel binne. It ministearje hat fjouwer tiidfakken oanwiisd om in oanfraach yn te tsjinjen. Troch fuortdaliks yn it earste tiidfak yn te tsjinjen, hopet de gemeente in gruttere kâns op in bydrage te meitsjen, om’t nei alle gedachten it tal yntsjinners yn lettere tiidfakken grutter wêze sil.

De oanfraach is yntsjinne foar de rekonstruksje fan ûnder mear De Dokkumer Slús, it Bolwurk en de Beurs (earder Van Sinderen). Dat jildt ek foar it op in heger kwaliteitsnivo bringen fan in tal strjitten yn ’e binnenstêd.

juny 2, 2022 08:36 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.