‘Stjer’ no op dvd te sjen
Resint ferskynd

Foto: Stjer Media
Freedtejûn wie yn De Doas yn Ljouwert in feestje ta eare fan it ferskinen fan de dvd fan de Fryske film Stjer.

Foto: Stjer Media
Emiel Stoffers, sjonger fan de Hûnekop en stjer fan de film, doopte dêr de earste dvd mei bier (sjoch foto). Op it feestje koene besikers fergees de film sjen en nei ôfrin de dvd keapje. Wolteld trije besikers hawwe fan dy gelegenheid gebrûk makke, dat it hâldt net oer. De ferkeap fia de hunekopshop.nl giet in stik better, yn de earste twa dagen binne al hast hûndert dvd’s ferkocht.

Foto: Stjer Media

Foto: Stjer Media
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje