Start bou Cambuurstadion Ljouwert

juny 21, 2022 09:25

Ein wike 26 set Van Wijnen útein mei it heien fan de peallen fan it Cambuurstadion yn Ljouwert. It stadion sil in thúsbasis biede oan SC Cambuur, ROC Friese Poort en ferskate ûndernimmers. De tariedende wurksumheden foar de bou fan it stadion binne al begûn.

Boarne: Van Wijnen

Ympuls foar Ljouwert
Yn juny 2021 hat Van Wijnen de ûntwikkeling fan it nije Cambuurstadion fan projektûntwikkelder Wyckervest oernommen. De bou fan it stadion wie al earder oan Van Wijnen tadield. Ein wike 26 wurdt de bou fan it stadion werklikheid, dan giet de earste peal de grûn yn.

SC Cambuur kriget in nij thús dat mei 15.000 stuollen net allinnich in stik grutter is as it hjoeddeiske ûnderkommen, as it giet om komfort en fasiliteiten giet de klup der ek gâns op foarút. ROC Friese Poort sjocht in grutte mearwearde fan ûnderwiis mei in lokaasje yn it WTC/Cambuur-gebiet. De ûnderwiisynstelling hiert yn it Cambuurstadion goed 7500 kante meter foar in skoalgebou.

It nije Cambuurstadion wurdt realisearre foar it WTC en de Alvestêdehal yn Ljouwert oer. Yn it gebou komt in stadion foar SC Cambuur, mar ek in skoalle foar ROC Friese Poort en kommersjele romten. Dêr binne ferskate hiermooglikheden.

Boarne: Van Wijnen

juny 21, 2022 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.