Soarte- en Sleatsjesdei Ljouwerter Bosk

juny 3, 2022 08:53

Op snein 12 juny organisearret it Natuermuseum Fryslân de jierlikse Soartedei yn De Ljouwerter Bosk. Dy deis sille deskundigen mei it publyk op syk nei nije soarten planten en bisten. Dit jier is dat wer yn gearwurking mei IVN-ôfdieling Ljouwert en omkriten, dy’t alle jierren in Sleatsjesdei hâldt. Dêr wurde bern by útdage om echte sleatsje-eksperts te wurden.

Ljouwerter Bosk (foto: Wikipedia/Paul Janssen (eigen wurk) – CC BY-SA 4.0)

De Ljouwerter Bosk is troch it Natuermuseum as bûtenlokaal bestimpele. Ferskate edukative programma’s bringe bern dêr yn kontakt mei de libbene natuer. Dêr wurdt ek in protte ûndersyk útfierd, dêr’t aloan mear bekend wurdt oer de oanwêzige floara en fauna. De Soartedei draacht by oan dy grutskalige ynventarisaasje fan de bosk. Alle waarnimmingen wurde trochjûn op Waarneming.nl.

De hiele dei troch wurde der ekskurzjes holden. Under begelieding fan deskundigen sille dielnimmers op syk nei fûgels, ynsekten, spinnen ensafuorthinne. Tusken de ekskurzjes troch kinne bern mei meiwurkers fan it IVN wetterbistkes yn ’e sleat fange. Dy wetterbistkes kinne mei help fan in sykkaart op namme brocht wurde. Nij dit jier is dat minsken de Ljouwerter Bosk fan it wetter ôf ûntdekke kinne mei in kanotocht.

Foto: pixabay.com

De Soarte- en Sleatsjesdei duorret fan 10.00 oant 17.00 oere. Oars as foargeande jierren is de lokaasje Rêstpunt-Bûtensintrum Ljouwerter Bosk. Dy is te finen op fyftich meter fan de krusing Havankleane en Fjouwerhústerwei. Parkearje mei de auto is inkeld mooglik op it parkearterrein Ljouwerter Bosk yn ’e bocht fan de Havankleane.

It programma mei ekskurzjes is te finen op ’e webside fan it Natuermuseum. De kanotocht begjint om 12.00 oere, 14.00 oere en 16.00 oere by it Rêstpunt. Der is in beheind tal plakken beskikber foar it kanoën. Oanmelde giet fia imeutgeert@natuurmuseumfryslan.nl. Foar de ekskurzjes hoege minsken har net oan te melden.

It wurdt oanrekommandearre om by in ekskurzje kuierskuon en om by in fûgelekskurzje in fierkiker mei te nimmen. As bern wetterbistkes fange wolle, is it handich om learzens te dragen. Alle ekskurzjes en aktiviteiten binne fergees.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.natuurmuseumfryslan.nl en www.ivn.nl/slootjesdagen.

juny 3, 2022 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.