Skiednisles yn de natuer
Resint ferskynd
Fan it Fryske Gea

Foto © It Fryske Gea
Goed twahûndert bern út de groepen 7 en 8 fan seis skoallen hawwe in bysûndere skiednisles yn it Ketliker Skar hân. De bern krigen net allinne nijsgjirrige ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch te hearren, mar der waard ek omtinken jûn oan de bysûndere natuer. De les waard organisearre troch It Fryske Gea, de eigener fan it gebiet.
Yn It Ketliker Skar haawe yn 1944 trije suksesfolle droppings west. Dat wie in o sa gefaarlike en spannende ûndernimming, midden yn ’e nacht. Der binne doe 72 wapenkonteners en seis kuorren iten mei parasjuten delkommen. Hoe’t soks yn syn wurk gie, wat de gefolgen wiene en wêrom’t de wapendroppings sa belangryk wiene, dat wiene ûnderwerpen dy’t oan de bern útlein waarden. By it monumint dat dêr yn it fjild is, beseagen de bern ek de ûnderkommens fan flearmûzen.
Wa’t ek benijd is nei it Ketliker Skar kin der sels hinne gean, want der is is noch folle mear te belibjen en te learen. Op it ynternet is de digitale rêchsekrûte dy’t dêr útset is, te finen. De bern speure it gebiet ôf nei rûtepealtsjes en dogge opdrachten lykas spoarsykje, de hichte fan beammen mjitte en de waarsferwachting te witten komme. Alles mei-inoar in oantreklike ûntdekkingstocht!
Der binne ek in stikmannich kuierrûten útset. Der is ien fan twaënheale km oer ferhurde paden dy’t ek geskikt is foar minderfaliden. De rûte yn it Ketliker Skar is 4 km en dy troch de Ketlikerheide is 3,5 km lang. Dy start oan de oare kant fan de Skoaterlânsdyk by it klaphikje. De rûten binne ek te kombinearjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje