Simone Djurrema: Merk

juny 4, 2022 07:00

Kollum

Ik woe it net skriuwe foardat ik wist hoe’t it gean soe, en eins wit ik dat noch net, mar no sil ik der mar in kollum oan wije. Der meie wer merken holden wurde. Hjir wie gjin lockdown, mar der wie ek net safolle wat wol trochgie. No komt it wer op gong!

Ik hie allegearre aardige dingen op Pinterest en YouTube sjoen en wie al in skoft oan it timmerjen. De túnmeubels fan ferline jier doarst ik net mear oan. Mear as ien hie tsjin my sein dat Sweden net fan deeglike meubels hâlde, mar leaver fan dat goedkeape Ikea- en Jyskspul hawwe. Fan plestik of fan – mar dat wurd kinne se hjir net – waaibeammehout.

Dan bin ik te skiterich om dochs troch te setten. Mar ik tocht: wat lytsere dingen, dat moat dochs wol slagje. Myn favoryt wie de “produce stand”, in steander mei trije bakjes. Prachtich! Mar wol aardich wat wurk en as je der ek noch wat oan fertsjinje wolle, moat der wol in pryske op. Soene de minsken dat betelje wolle?

Ik seach ek noch hiel moaie plantesteanders. Dêr kin in hingplant yn hingje. Dat is folle minder wurk. Dy koe ik ek noch wol yn brând hout meitsje. Ik tocht: dat moat wolle, krekt foar memmedei.

Der wie my nammentlik frege oft ik mei myn spul op in merk stean woe by de lytse supermerk yn ’e buert, yn Grinstad, dêr’t miskien fiif huzen steane. En in tsjerke, dat dan wol wer. Mar yn de omkriten wenje fansels wol in protte minsken op it plattelân. Ik tocht: dat is in moaie gelegenheid om te besykjen oft it spul wat ferkeapet, en dan woe ik letter sjen oft ik in pear winkels fine koe om it spul dêr út te stallen. Ik kin net alle sneonen op merken stean, ik wurkje dan ommers meastal as begeliedster fan in blyn frommeske dat troch de wike wurket.

Nee, dit wie myn kâns! De sneons foar memmedei, dat is hjir de lêste snein fan maaie. De krystmerk wie dêr in grut sukses, dat ik seach it hielendal foar my. No koe ik sjen oft der ynteresse foar myn spul wie.

Foto SD

Doe begûn it ûntwerpen en it seagjen. Ik frege ús soan oft er in part fan it hout swart brâne woe foar in moai shou-sugi-baneffekt[i]. Ik skjirre it roet derôf, sette it net-brânde hout yn it izersulfaat. Ik skeat mei it spikerpistoal en lime en skroeve. Doe seach ik wol dat ik it net op ’e tiid ôfkrije soe en makke ik earst de plantestanders ôf. Dêr ferwachte ik it measte fan foar memmedei, en se kosten net safolle as de bakjesstander. Ik makke ek noch wat plankjes mei hiel dikke âlderwetske spikers, dêr’t ik mei tou in potsje of in fleske oan hong. Ik wie aardich tefreden mei it resultaat.

Einliks wie it safier. Ik hie fansels al twa wike de waarberjochten yn ’e gaten holden en it feroare hieltyd. Hie ik al ris sein dat se hjir altyd sizze: “Typysk Sweedsk waar” of  “typyske Sweedske simmer” as it waar wer ris omslacht? It is hjir net oars as yn Fryslân dus…

En dêr stie ik dan, tusken myn buorman en in New Holland trekker yn. De buorman ferkeape syn appelsap, huning en wat oare streekprodukten, de trekker wie fan in pleatslik meganisaasjebedriuw. It waar wie net om oer nei Fryslân te skriuwen, mar it gie. Wy waaiden der hast wei, mar dêr hiene myn stabile maksels gin lêst fan! Op it lêst krigen we noch in bêste bui op ’e lea, mar dêr joech myn spul ek neat om!

Mar kamen der likefolle minsken as mei de krystmerk? No nee. It drippele wat foarby, mar as der twahûndert west hawwe, wie it in protte. Alles gie net as waarme broadsjes oer de toanbank. Of sa’t se yn it Sweedsk sizze: it ferdwûn net as bûter yn ’e sinneskyn. Net foar my, mar ek net foar de oaren dy’t der stiene. Dat wiene in stel dy’t sels lúkse sûkelaadsjes makken, de bakker út ’e buurt wie der ek mei syn bôlesoarten, in frou mei blommen en in pear “bakluckeloppis”-minsken. Dat is rommelmerk út it “efterlûk” wei: de kofferbak. In frou mei selsmakke keramiek kaam net; wie se bang dat har spul fan ‘e tafel diggelje soe? Mei de krystmerk stiene der net iens safolle mear, mar doe rûn it de hiele tiid dat ik der as begeliedster fan de bline wie, goed troch. Ik frege de buorman en hy sei dat it de tiid fan it jier wie. De minsken hawwe oare dingen te dwaan. Hy hie it dus eins wol ferwachte.

Ik haw wat lytse bjirkeskyfkes mei teksten foar memmedei ferkocht, in pear plankjes mei potsjes en wat ik nea ferwachte hie, twa bestellingen foar de steander mei de trije bakjes krige. Ik hie dy iene foar de wissichheid dochs mar meinommen, en jawier, dy woene se hawwe, ek foar dy priis! Sa sjogge je mar wer! It kin hiel oars útpakke as men tinkt.

Foto SD

Ik woe mar op ien merk stean en misskien wer op in krystmerk mei wat oare ideeën, mar yn july is der in grutte merk yn ’e buert dy’t altyd wol populêr is. Der mei hast allinnich hantwurk ferkocht wurde en it mei net iens yn plestik ferpakt wurde, sei de buorman. Hy stiet der ek altyd. Der is altyd muzyk en der wurde âlde ambachten demonstrearre lykas it meitsjen fan bakstiennen. Der wiene al ris minsken dy’t de Melleruder kanin, knyn dus, sjen lieten. Dy like hiel bot op it hollanderke, tocht ik doe.

Ik kin nearne fine hoefolle oft der meastal komme, mar yn alle gefal wol in tûzen of twatûzen besikers. Miskien wol tsien kear safolle dus as op dizze merk. As ik tsien kear safolle ferkeapje wol, kin ik dat net iens op ’e tiid byinoar timmerje. Dus no is de fraach: moat ik it noch in kear besykje?

Wat sizze jimme?

[i] Shou-sugi-ban is in âlde Japanske wize om hout te bewurkjen. It wurdt de lêste jierren wer populêr.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
juny 4, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.