Sealtersk gemeentehûs wurdt twatalich Dútsk-Frysk
Resint ferskynd

De gemeente Sealterlân wol de Fryske taal sichtberder meitsje. Om te begjinnen wolle boargemaster Thomas Otto en taalfunksjonaris Henk Wolf dat de Sealterfryske taal yn it gemeentehûs faker te sjen is. Boargemaster Thomas Otto joech de omtaling tiisdei in slinger troch it ientalige buordsje njonken de doar fan syn wurkkeamer troch in twataligen ien te ferfangen. “Thomas Otto, boargemaster/meenteboas” stiet der no.
Henk Wolf docht te witten dat it finen fan de gaadlike oersetting fan boargemaster wol efkes wat wurk frege. Der binne twa wurdboeken fan it Sealterfrysk, dy’t allebeide in oare oersetting joegen. De oersettingen waarden oan sân betûfte sprekkers fan it Sealterfrysk foarlein en allebeide ôfwiisd. Buurgemaaster út it iene wurdboek wie neffens harren ferâldere, dat seit net ien mear. Buurmäster út it oare wurdboek wie neffens harren net geef genôch: it wie eins in Nedersaksysk wurd. Ynstee keazen hja foar Meenteboas, letterlik ‘gemeentebaas’, in wurd dat ein foarige iuw betocht is troch skriuwster Gretchen Grosser en dat ûnderwilens in soad brûkt wurdt, ek troch de gemeente Sealterlân sels.
Sealterlân is de lêste gemeente dêr’t noch in taal praat wurdt dy’t ûntstien is út it Ald-Eastfrysk. Yn it ferline waard dy foarm fan it Frysk ek brûkt yn Grinslân en East-Fryslân. Likernôch tsien persint fan de ynwenners fan Sealterlân kin de taal hjoed de dei prate.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje