Provinsjale besunigings mooglik yn striid mei de wet
Resint ferskynd
De Ried fan de Fryske Beweging is tige skrokken fan de plannen fan Deputearre Steaten om foars te besunigjen op de Fryske taal en kultuer. Neffens de Ried strykt soks net mei de wetlik fêstleine soarchplicht foar de Fryske taal en kultuer troch Ryk en provinsje Fryslân. Yn in brief oan Provinsjale Steaten freget de Ried de Steatefraksjes mei klam om noed te stean foar it yn stân hâlden en ferbetterjen fan de ynfrastruktuer fan de Fryske Taal en net mei te gean yn de foarstellen fan Deputearre Steaten.
Ynfrastruktuer fan it Frysk
De foarstellen binne basearre op oannamen oer wat wol of net wetlike taken fan de Provinsje wêze soene. Der wurdt ûnderskied makke tusken fjouwer pylders ûnder it Frysk taal- en kultuerbelied:
1. Frysk yn it ûnderwiis; 2. Frysk yn it iepenbiere libben; 3. Frysk yn de frije tiid; 4. Taalproduksjehûs.
Deputearre Steaten erkenne sels dat de kearndoelen Frysk mar by in part fan de skoallen yn Fryslân helle wurde. Se stelle terjochte fêst, dat it ûnderwiis in brede kearntaak fan de Provinsje is, dêr’t se in wetlike ferplichting yn hawwe. Mar it Frysk rêdt it net mei ûnderwiis allinnich. De fjouwer pylders foarmje mei-inoar de ynfrastruktuer fan de Fryske taal. De oantaasting fan ien pylder soarget fuortendaliks dat ek de oare pylders wif steane. Deputearre Steaten stelle no oantaasting fan mar leafst trije pylders út!
Okkerdeis hat de Provinsje mei it Ryk in sichtberensakkoart sletten, oanfoljend op de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Dat stiet heaks op de útstellen dy’t Deputearre Steaten no foarlizze. Fan de amtners by de provinsje dy’t dwaande binne mei de Fryske taal en kultuer bliuwe mei dizze plannen mar de helte (5 fte) oer! Sa’n tebekgong hat net allinnich gefolgen foar de plannen dy’t op dit stuit ynset binne en ôfspraken dy’t makke binne, mar sil úteinliks gefolgen hawwe foar de folsleine ynfrastruktuer fan it Frysk. Dêrtroch wurdt in fisieuze sirkel ynset, wêrby’t de kearndoelen Frysk yn 2030 noch fierder faai komme te stean. Dat kin sa net!
Wetlik fêstleine soarchplicht
De Ried wiist op kêst 2a fan de Wet Gebrûk Fryske taal. Dêryn stiet dat it Ryk en de provinsje Fryslân in mienskiplike ferantwurdlikens en soarchplicht foar de Fryske taal en kultuer hawwe. Troch de foarstelde besunigingen rinne dy slim tebek. Boppedat bart dat mei dizze foarstellen iensidich en sûnder oerlis mei de oare ferantwurdlike: it Ryk. Mooglik skeint de provinsje no de Wet Gebrûk Fryske taal.
Advys
De ried advisearret dêrom oan Provinsjale Steaten fan Fryslân om troch in ûnôfhinklike partij útsykje te litten wat de soarchplicht foar de Fryske taal en kultuer neffens de hjoeddeistige situaasje omfiemet. De ried freget Provinsjale Steaten mei klam om noed te stean foar it yn stân hâlden en ferbetterjen fan de ynfrastruktuer fan de Fryske Taal en net mei te gean yn de foarstellen fan Deputearre Steaten.
De steat hat him skuldich makke oan linguistyske genoside, heech tiid om dat goed te meitsjen!