Promoasjekampanje TopDutch set Noard-Nederlân op ’e kaart

juny 22, 2022 09:19

Der komt in nije TopDutch-kampanje dy’t Noard-Nederlân oanpriizget as fêstigingsklimaat foar ynternasjonale bedriuwen. Dat is it foarnimmen fan de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte. Mei TopDutch sette de provinsjes harren mei-inoar yn om de noardlike ekonomyske struktuer te fersterkjen.

It ferfolch op de eardere kampanje TopDutch strykt mei de oanrekommandaasjes út de evaluaasje dy’t nei de earste kampanje útfierd is. Nei it ôfsluten fan de earste kampanje keazen de trije provinsjes der yn 2020 foar om te wachtsjen mei it opstarten fan in ferfolchkampanje. De reden dêrfoar wie de covid-19-pandemy. Yn dy perioade lei de prioriteit by it stypjen fan it besteande noardlike bedriuwslibben.

No’t de koroanapandemy in oare faze yn giet, is yn de ôfrûne perioade wurke oan in foarstel oer de fuortsetting fan de TopDutch-kampanje. De mienskiplike ferfolchkampanje is in moai resultaat fan de noardlike ekonomyske gearwurking en draacht by oan it stimulearjen fan alle inisjativen dy’t dêrút fuortkomme. It doel is om nei de simmer mei de kampanje útein te setten.

Yn de ôfrûne perioade is it merk TopDutch mei minimale ynspanningen aktyf holden troch de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij (NOM). It ferfolch op de eardere kampanje TopDutch sil yn de kommende twa jier ek yn opdracht fan de trije provinsjes útfierd wurde troch de NOM.

Besjoch foar mear ynformaasje de webside fan TopDutch.

juny 22, 2022 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.