Prinsessehof siket fierders Selamatan
Resint ferskynd

Foto: Wikipedia/Takeaway – CC BY-SA 3.0)
Foar in grutte útstalling oer ferskate feesten siket Keramykmuseum Prinsessehof minsken dy’t Selamatan fiere. Wa’t meikoarten in Selamatan organisearret of dêrfoar útnûge is, kin har of syn ferhaal diele en ûnderdiel fan de útstalling Feest! wurde. Dy sil fan 15 oktober ôf yn Ljouwert te sjen wêze. Om dat ferhaal fertelle te kinnen, kin kontakt opnommen wurde fia feest@princessehof.nl.
Fan 15 oktober 2022 o/m 20 augustus 2023 lit Keramykmuseum Prinsessehof mei in grutte útstalling sjen hoe’t Nederlân fiert: fan karnaval oant Keti Koti en fan Eid al-Fitr (Sûkerfeest) oant in brulloft. Oan ’e hân fan tolve ferskate feesten wurdt ûndersocht wat der sa-al fierd wurdt, mei wa en hoe. Dêr stiet it tafeljen sintraal by, want feest en iten – en dêrmei ek keramyk – binne nau mei-inoar ferbûn. De útstalling bestiet út tolve feestlike ynstallaasjes mei in ferskaat oan keramyk út de kolleksje fan it Prinsessehof en dierbere foarwerpen en ferhalen fan feestfierders út hiel Nederlân.
Foar de eksposysje wurdt gearwurke mei it lanlike edukaasjeprojekt Feest! Weet wat je viert, in inisjatyf fan Museum Catharijneconvent.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje