Presidint Biden wol nôtsilo’s oan Oekraynske grins bouwe

juny 15, 2022 08:55

De Amerikaanske presidint Joe Biden seit tydlike nôtsilo’s oan ’e grinzen fan Oekraïne bouwe te sillen. Dy silo’s moatte helpe it nôt dat net oer see ferfierd wurde kin, fia it spoar it lân út te krijen.

Foto: pixabay.com

De prizen fan iten binne oer de hiele wrâld omheechgien, om’t Oekraïne tweintich miljoen ton nôt net eksportearje kin. Ruslân blokkearret Oekraynske havens dêr’t it nôt normaalwei út transportearre wurdt.

Ferfier fia spoar nei oare lannen om dêrwei op skippen laden te wurden, kin bydrage oan in oplossing fan it probleem. It Oekraynske spoar hat lykwols in oare breedte as dat fan oare Europeeske lannen. Dêrom moat it nôt oan ’e grins op oare treinen oerladen wurde.

Troch op dy plakken silo’s del te setten, kin it nôt dêr earst tydlik yn opslein wurde, foar’t it oerladen wurdt op bygelyks Poalske treinen. Dat makket de operaasje effisjinter. Oekraïne is bliid mei it plan, mar seit dat it nôtprobleem der noch net folslein mei oplost wurdt en dat der ek in feilige korridor foar de havens nedich is.

juny 15, 2022 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.