Popupfestival KultuerKaravaan strykt yn Aldegea (Sm.) del

juny 26, 2022 08:30

Biblioteek Drachten, Museum Dr8888, Poppoadium Iduna en Skouboarch De Lawei organisearje fan juny oant en mei septimber acht popupfestival yn ’e doarpen en wiken fan Smellingerlân ûnder de namme KultuerKaravaan. In feestlike middei mei muzyk, keunst, teater, film en in berneprogramma. Op sneon 2 july strykt de KultuerKaravaan by Ytkafee De Welling yn Aldegea del.

Challenger (eigen foto, boarne: De Lawei)

De KultuerKaravaan
Festival de KultuerKaravaan lûkt dwers troch Smellingerlân by wiken en doarpen del. De KultuerKaravaan azemet de sfear fan in festival, mar dan lekker ticht by hûs. Buorlju en doarpsgenoaten kinne mei-inoar it eigensinnige kultueroanbod fan Smellingerlân belibje. It fergeze festival biedt foar elk wat, mei muzyk, keunst, teater, dichters, hoareka en in wiidweidich berneprogramma. It hat as doel om in besite oan keunst en kultuer wer te stimulearjen nei in lange koroanarite. De KultuerKaravaan wurdt mei mooglik makke troch de gemeente Smellingerlân.

Gurbe Douwstra (foto: ©Maartje Roos)

Foar elk wat
Op 2 july strykt de KultuerKaravaan by Ytkafee De Welling yn Aldegea del. Fan 16.00 oant 19.00 oere is der fan alles te dwaan en te sjen by fjouwer poadia en festivaltenten. Mei û.o. Gurbe Douwstra, Trijexnix, Challenger, Timo de Jong, Wat oars! en jeugdteaterfoarstelling De Molkwei (4+) fan Tryater. Foar de alderlytsten is der foarlêzen mei Tomke en nifeljen mei knipgedichten. Erik de Boer, Laura Greengarden en gemeentedichter Katherina van der Velde bringe gedichten op mjitte. By dy gelegenheid is der ek in kuiertocht by de haven, dy’t fersoarge wurdt troch de histoaryske feriening. Dy set om 16.30 oere útein en duorret sawat in healoere.

Trijexnix (eigen foto, boarne: De Lawei)

Dielnimmende wiken en doarpen
De KultuerKaravaan strykt de kommende moannen ek del yn de neikommende wiken en doarpen: De Trisken (9 july), Drachtster Kompanije (16 july), Boarnburgum (3 septimber), De Wiken (10 septimber) en De Pein (17 septimber). Op www.cultuurkaravaan.nl is it programma fan de ferskate lokaasjes te finen. Fia Facebook en Instagram (@cultuurkaravaan) is it festival te folgjen.

‘Molkwei’ fan Tryater (foto: ©Tibbesma Fotografie)

juny 26, 2022 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.