Pinkpop 2022 streekrjocht fia radio, telefyzje en ynternet te folgjen

juny 16, 2022 08:43

Fan 17 o/m 19 juny wurdt yn Landgraaf (Limburch) Pinkpop holden, mei topartysten as Metallica, Pearl Jam, Imagine Dragons, Maneskin, Nothing but Thieves, De Staat, Chef’sSpecial, Eefje de Visser, Royal Blood, Crowded House, Ziggy Marley, Nile Rogers & Chic en noch folle mear. It festival is streekrjocht te folgjen fia NPO 3FM, NPO 3 en 3voor12.

In eardere edysje fan Pinkpop (foto: Wikipedia/Gianni Taranto – CC BY 3.0)

3FM
3FM bringt harkers yn kontakt mei harren favorite Pinkpop-artysten. Ut de studio oan ’e râne fan it fjild wei dogge de 3FM-dj’s streekrjocht ferslach fan it festival, hâlde se fraachpetearen mei optredende artytsen en is de bêste livemuzyk fan it festival te hearren. Under oare Royal Blood, Maneskin, Nothing but Thieves, Twenty One Pilots en Metallica komme foarby. De optredens fan Imagine Dragons en Metallica binne live te folgjen op 3FM. Op it Pinkpopterrein hat 3FM in spesjaal ferbliuw delset dêr’t inkelde Pinkpopartysten wat bysûnders dwaan sille foar harren fans dy’t op it terrein oanwêzich binne.

Dit binne de útstjoertiden:

Freed 17 juny 16.00-02.00 oere op 3FM.
Sneon 18 juny 16.00-00.00 oere op 3FM.
Snein 19 juny 16.00-02.00 oere op 3FM.

It Pinkpopwykein is ek online te folgjen fia 3fm.nl, Instagram, TikTok, Facebook en YouTube.

NPO3
Frank Evenblij, Vera Simons en Eva Cleven dogge ferslach fan de 51e edysje fan it legendaryske festival. Mei fraachpetearen, reportaazjes, festivalferhalen en in hiele protte livemuzyk.

Sneon 18 juny 21.55 oere op NPO 3.
Snein 19 juny 22.55 oere op NPO 3.
Moandei 20 juny 20.25 oere op NPO 3.

3voor12
Fans fan Pinkpop kinne de lêste nijtsjes folgje op vpro.nl/3voor12 en fia de Facebook-, Instagram-, YouTube- en Twitterakkounts fan VPRO 3voor12. Resinsjes binne flak nei in optreden online te finen. It festival is fergees te folgjen fia in livestream op NPO 2 extra, NPO Start en vpro.nl/3voor12.

NPO 2 extra
3voor12 (VPRO) fersoarget de livestream dêr’t Pinkpop mei te folgjen is, freed 17 juny 13.00 – 01.00 oere, 18 en 19 juny fan 12.00-01.00 oere. Fan moandei 20 juny o/m sneon 25 juny is alle dagen om 22.00 Pinkpop napret (NTR) te sjen mei hichtepunten fan Pinkpop.

Op NPO 2 extra is non-stop keunst & kultuer, dokumintêre, film, muzyk, literatuer, teater en dûns te sjen. NPO 2 extra is te finen op kanaal 82 en foar elkenien te sjen fia de app fan NPO of online: www.npostart.nl/live/npo-2-extra.

juny 16, 2022 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.