Op boaiem Fiskmigraasjerivier rinne

juny 11, 2022 07:13

Sneon 18 juny is it de Dei fan de Bou. By dy gelegenheid kinne minsken dy’t dat hiel graach wolle de fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk fan binnen út besjen. Omdat dêr gjin grutte kloften gebrûk fan meitsje kinne, is foarôf oanmelden needsaaklik.

Bouput Fiskmigraasjerivier. Foto © Waadferiening

Saakkundige meiwurkers litte de besikers sjen wat foar moderne techniken de bouwers brûke en mei hoefolle respekt oft it erfskip Ofslútdyk foar de takomst (fan de fisken) reemakke wurdt. Yn it Ofslútdykwaadsintrum is op it mêd fan fisken ek fan alles te belibjen. Gidsen dy’t alles oer de fiskmigraasjerivier witte, fertelle deroer.

It Ofslútdykwaadsintrum. Boarne It Fryske Gea

Alle aktiviteiten binne fergees. Oanmelde foar de saneamde Lorentz Tour giet fia plak reservearje. Mei bussen giet it fan Hajé Hotel Zurich nei de boulokaasje en op de weromreis nei it Waadsintrum. Dat is de iennige mooglikheid om der te kommen.
Mear ynformaasje oer de Fiskmigraassjerivier is te finen op www.vismigratierivier.nl en op
Trochbraak fiskmigraasjerivier ûnder Ofslútdyk | It Nijs

 

juny 11, 2022 07:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.