“Oant 1500 waard alles yn it Frysk opskreaun”
Resint ferskynd
“Graach wol ik wize op ’e hannelingen fan de foarrinder fan de Steaten fan Fryslân. It is hiel bysûnder om te sjen wêr’t se har yn 1488 allegearre mei dwaande holden en wat foar problemen der doe spilen. Wy kinne ek moai sjen dat dy hannelingen, it offisjele ferslach dus, fêstlein binne yn it Frysk. Sa hat it west oant 1498, doe’t der in ein kaam oan de Fryske frijheid. Dan wurdt it Nederlânsk de administraasjetaal fan de provinsjale oerheid.”
Dat seit skriuwer Oebele Vries yn de nijste DE NIJE oer syn nije boek Ferdban dêr’t in knoarre ynformaasje oer Alfryske oarkonden yn te finen is.
En:
“De oarkonden litte ek goed sjen hoe’t it taallânskip yn Fryslân der yn dy tiid hinne lei. De stêden wiene doe bygelyks ek Frysktalich en brûkten it Frysk as administraasjetaal. Sa stjoere de stedsbestjoeren fan Ljouwert en Dokkum inoar lulke brieven ta. Fierders wurdt dúdlik dat it Frysk yn dy tiid ek op it Amelân de gewoane omgongstaal wie.”
Lês der mear oer yn DE NIJE.
DE NIJE is te krijen yn boekwinkel, kiosk en guon supermerken.
Alde jeften binne te besjen op Startside.frl.
Klik hjir foar in abonnemint.
DE NIJE wurdt útjûn troch de Ried fan de Fryske Beweging.
…. oer syn nijE boek is yn geef Frysk: syn nij boek (sûnder de ferbûgings-e by in it-wurd [it boek] mei in besitlik foarnamwurd [syn]). Grif in ynterferinsje. Geef Frysk is: myn/ús/syn/jimme nij hûs/boek/skrift …
Als ik de tekst verhelder en laat vertalen, is er geen touw aan vast te knopen. wel zie ik passages over begrippen welke in 1488 niet bestonden. Is deze prent fake?