Noaren betinke slachtoffers islamityske oanslach

juny 26, 2022 08:55

Snein betinke de Noaren yn it bywêzen fan kening Harald de minsken dy’t yn de nacht fan freed op sneon dearekke binne by in oanslach. Doe skeat de Iraniër Zaniar Matapour op it terras fan in homokroech yn Oslo yn it rûn. Twa minsken makke er dea, 21 oaren ferwûne er. Matapour hat in lang strafblêd en wie in radikalisearre moslim. Yn 1999 krige er in moanne finzenisstraf om’t er ien mei in mes stutsen hie.

It almeast fredige Noarwegen is troch de oanslach bot feroare. De Noarske plysje hat almeast gjin wapens by him, mar no al. De Noarske feilichheidstsjinst giet út fan in grut risiko op mear oanslaggen. In feestlike optocht yn it ramt fan ‘e homo-emansipaasje is ôfsein.

juny 26, 2022 08:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Brouwer july 3, 13:01

    It moat kening Harald wêze. Boppedat skeat de dieder net yn ‘e kroech om him hinne, mar bûten op strjitte en rjochting it terras fan London Pub en it neistlizzende kafé Per på hjørnet, dêr’t ek de twa deadlike slachtoffers fallen binnen. Dêrfandinne witte se no ek net seker oft it wol op de pride-mienskip rjochte wie, én se binne ek net wis oft er no in radikalisearre moslim is, of psychysk bot siik. (Wat je sawysa binne as je soks dogge, fansels…) As lêste is syn strafblêd no ek wer net sa lang, stean ‘lytse fergripen’ op en foar dy oanfal mei in mes, dêr’t er 10 moanne foar krije soe, is er frijsprutsen. Net dat ik it hjir foar dizze keardel opnimme wol, perfoarst net, mar ik fyn it in frij suggestyf berjocht sa’t jim dit hjir sa skriuwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.