Noardlike gearwurking yn tafersjoch natuerbehâld
Resint ferskynd
De trije noardlike provinsjes geane troch mei it gearwurkjen fan alderhande partijen op it mêd fan natuerbehâld. De Bûtengewoan opspoaringsamtners (boa’s) spylje dêr in belangrike rol yn. Troch it nije Boäkonvenant ‘Groene handhaving’ is it wer mooglik dat de ‘griene’ boa’s yn inoars natuergebieten tafersjoch hâlde en hanthavenje. Op dy wize kin harren beheinde kapasiteit effisjinter ynset wurde.
It konvenant fan 2016, ûndertekene troch fyftjin partijen, wie ferrûn. Omdat de boäwurkjouwers (plysje Noard-Nederlân en it Iepenbier Ministearje) graach trochgean woene mei de gearwurking hawwe Drinte, Fryslân en Grinslân in nij konvenant opsteld. As dat ûndertekene is, kin it gearwurkjen trochgean.

Foarkant BOA-konvenant (boarne: Provinsje Fryslân)
It wurdt hieltyd drokker yn de natuer. Dat mear minsken fan de natuer genietsje wolle is moai, mar foar it beskermjen fan planten en bisten is it fan belang dat besikers har oan de regels hâlde, op de paden bliuwe en de hûn net loslitte. Dat spilet benammen maitiids, as de natuer troch briedende fûgels en jonge planten op syn kwetsberst is. Troch it gearwurkjen fan de ‘griene’ boa’s kin better tasjoen wurde op it ferantwurde rekreëarjen, ferbouwen en snoeien. It nije konvenant draacht by oan it bewustwurden, beskermjen en ynstânhâlden fan de (kwetsbere) natuer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje