Nijsgjirrige leafdesskiednis út de 19de iuw

juny 23, 2022 10:52

Jan Dirk Wassenaar, dy’t yn 1999 promovearre op it proefskrift Noordmans in Friesland. Bijdrage tot de biografie van een kerkvader oer de teolooch dr. Oepke Noordmans (Easterein 1871-Lunteren 1956), krige in jier of seis lyn, doe’t er in lêzing oer Noordmans holden hie, fan immen in pak leafdesbrieven. Dy wiene fan 1984 oant 1890 skreaun troch Anna Noordmans, in âldere healsuster fan de teolooch, en har feint Hantsje van Dijk, beide Skearnegoutumers, mar Hantsje studearre teology oan de VU yn Amsterdam. Hy wie grifformeard en sy herfoarme. Dat joech yn dy tiid fansels in enoarme spanning, dy’t der by eintsjebeslút ta late dat Anna ek grifformeard waard. Dat joech wer nije spanning yn de famylje Noordmans.

De korrespondinsje jout net allinne in boeiend byld fan de ûntjouwing fan in leafdesrelaasje. De brieven fan Anna wjerspegelje ek it geastlik en tsjerklik klimaat yn de tachtiger jierren van de njoggentjinde iuw. Dy fan Hantsje jouwe in goede yndruk fan hoe’t it derop de Frije Universiteit om en ta gie. Dy universiteit wie doe krekt (1880) stifte.

Krekt trochdat de korrespondinsje fan dy twa sa nijsgjirrich is fanwege de tiidsbeskriuwing, benammen wat it geastlik en tsjerklik libben oanbelanget, hat dr. Wassenaar de brieven bewurke ta in lêsber boek: Wanneer toch mijn liefste? Anna Noordmans & Hantje van Dijk, een liefdesgeschiedenis in de schaduw van de Doleantie.

Kommende sneontemiddei, 25 juny, sil it boek yn de Skearnegoutumer Martenstsjerke presintearre wurde. Nei de ynrin fertelt dr. Wassenaar om 15.00 oere it ien en oar oer it boek. Dêrnei hâldt prof.dr. Kees van der Kooi in lêzing mei as titel ‘Anna Noordmans en Hantje van Dijk in de naschemer van het Friese Reveil, in de schaduw van de Doleantie’.

Boekgegevens
Dr. Jan Dirk Wassenaar, Wanneer toch mijn liefste? Anna Noordmans & Hantje van Dijk, een liefdesgeschiedenis in de schaduw van de Doleantie
Utj. Royal Jongbloed, It Hearrenfean
ISBN 9789088973185 • NUR 704
Priis € 29,99
Paperback • ca. 432 pagina’s • formaat 16 x 24 cm • c-NUR 050

juny 23, 2022 10:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.