Nije learmetoade foar it Frysk fan Sealterlân presintearre
Resint ferskynd

Tongersdei is yn it Sealterfryske doarp Skäddel in nije learmetoade foar it Frysk presintearre. It giet fansels om de fariant fan it Frysk dy’t dêr hiem is, it Sealterfrysk. De metoade is ornearre foar de fjouwer leechste klassen fan de legere skoallen. Foar elk skoallejier is der in boek. Fierder heart der in cd by mei ynstruksjes en foarbylden.
De metoade hat de namme “Seeltersk lopt” (Sealterfrysk rint) krigen. Hy is skreaun troch Ingebord Remmers en Edith Sassen, dy’t beide op de Litje Skoule (lytse skoalle) yn Skäddel wurkje. Hja hawwe in Nedersaksyske learmetoade as foarbyld brûkt. Alle fjouwer legere skoallen yn it Sealterlân krije de metoade fergees. De kosten wurde droegen troch de dielsteat Nedersaksen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje