Nije haadredakteur foar histoarysk tydskrift ‘Fryslân’
Resint ferskynd

Herman Broers (boarne: Keninklik Frysk Genoatskip)
Herman Broers wurdt begjin 2023 de nije haadredakteur fan Fryslân, it histoarysk tydskrift fan it Keninklik Frysk Genoatskip. Dat wurdt op 29 juny offisjeel buorkundich makke op de algemiene ledegearkomste fan it Genoatskip yn it Fries Museum yn Ljouwert.
De sjoernalist en histoarikus Broers (Burgum, 1970) is keazen foar de funksje, om’t er gâns ûnderfining hat op it mêd fan it publisearjen fan histoaryske tydskriften en boeken. Sa makket er it Historisch Tijdschrift van de Historische Vereniging voor de IJsseldelta ‘Jan van Arkel’ yn Kampen. Broers, dy’t yn Skerpenseel (Weststellingwerf) wennet, folget Siebrand Krul op, dy’t ein dit jier mei pensjoen sil. Krul hat sûnt 2010 it wurk as haadredakteur fan Fryslân dien, yn ’e mande mei ein- en byldredakteur Marijke de Boer en in entûsjaste redaksje.

Boarne: Keninklik Frysk Genoatskip
Lêzing fan Anne-Goaitske Breteler op 29 juny
Op de algemiene ledegearkomste op 29 juny fertelt Anne-Goaitske Breteler nei it skoft (om 20.30 oere hinne) oer har wurk as publykshistoarika en har nije ûndersyk nei de eardere geastlike sûnenssoarch op it plattelân, mei basearre op materiaal fan it âlde psychiatrysk sikehûs yn Frjentsjer.
Dy lêzing is ek foar net-leden fan it Keninklik Frysk Genoatskip tagonklik. Op de jûn sels kinne belangstellenden fansels lid wurde. Oanmelde kin fia: info@friesgenootschap.nl.
Sjoch foar mear ynformaasje op:
www.koninklijkfriesgenootschap.nl/fryslan
www.hermanbroers.nl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje