NASA sil ufo’s ûndersykje
Resint ferskynd
NASA sil ûndersyk dwaan nei ufo’s, fleanende objekten dêr’t it komôf ûndúdlik fan is. De Amerikaanske romtefeartorganisaasje jout ta dat it in omstriden ûnderwerp is, troch de assosjaasje mei bûtenierdsk libben, mar is net bang dat it ûndersyk de eigen reputaasje skeine sil. “It is ús oertsjûging dat de grutste útdaging is dat der amper wat oer dy fenomenen bekend is”, seit NASA-haadwittenskiper Zurbuchen.

Byld út Apollo 16-film (boarne: NASA)
De ûndersikers moatte ynventarisearje wat der al oan ynformaasje oer ufo’s te finen is en hoefolle mear oft der noch nedich is om de ûnferklearbere waarnimmingen op te helderjen. Hja krije de beskikking oer alle satelliten, sensoaren en oare mjitapparatuer fan de romtefeartorganisaasje. Zurbuchen: “Wy hawwe de middels en de minsken om ús begryp fan it ûnbekende te fergrutsjen. Dat is de definysje fan wittenskip. Dat is wat wy dogge.” It ûndersyk set yn ’e hjerst útein en moat sa’n njoggen moanne duorje. Dêrnei sille de resultaten mei it publyk dield wurde.
De Amerikaanske oerheid en NASA sjogge ufo’s as in mooglike bedriging fan de nasjonale feiligens en fan de loftfeart. NASA seit mei klam dat der gjin oanwizingen binne dat de fleanende objekten fan bûtenierdske komôf binne. Ferline moanne wie der in harksit fan it Hûs fan Offurdigen oer in rapport fan it Pentagon dat ferline jier útkaam. Dêr stiet yn dat spesjalisten fan it Amerikaanske leger en de feilichheidstsjinsten gjin ferklearring hawwe foar de waarnimmingen fan ufo’s troch fleaners fan definsje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje