Muzykprogramma Simmerdeis 2022 bekend

juny 5, 2022 07:53

Fan 24 o/m 26 juny stiet Drachten mei syn omkriten opnij yn it teken fan muzyk, sirkuskeunsten, (strjit)teater en bernefoarstellingen. It muzykprogramma is ûnderwilens bekend. Hjirûnder stiet in tal hichtepunten fan it muzykprogramma. Sjoch foar de hiele programma op www.simmerdeis.nl.

Boarne: De Lawei

Fred Goverde | 24 juny
Mei syn debút-EP goovurduh (2021) waard de basis lein. Under oaren Frits Spits (De Taalstaat, NPO2) wie tige te sprekken oer “de boartlike teksten” fan de jonge ferskesskriuwer út Grins. Op de opfolger fan goovurduh, simpelwei titele goovurduh 2, komme de nûmers dy’t by it live spyljen ûntstien binne. “Ik wit fan dy nûmers al dat it publyk se fet fynt”, seit Fred.

The Vices | 24 juny
It ferhaal fan The Vices is it ferhaal fan fjouwer gasten fan 24. Hja bringe in kontrastearjende mjuks fan Britpop en surfrock. Underinoar binne it soms beukers, safolle wille hawwe se. It wille meitsjen wurdt tige serieus nommen, mar as men goed harket heart men dat de band de djipgong net mijt.

The Vices (boarne: De Lawei/Simmerdeis)

Them Dirty Dimes | 25 juny
Alderwetske jazz, blues en gypsy… De Grinzers helje harren ynspiraasje út de tiid fan foar de oarloch en minge dat mei moderne ynfloeden. Them Dirty Dimes; swingend, nostalgysk en altyd ferrassend. De fariearre set sjit fan New Orleansswing nei lette jûnjazz en fan gypsy nei blues, mar troch de pakkende stim en de details altyd werom te kennen as Them Dirty Dimes.

Roxeanne Hazes | 25 juny
Mei har debutalbum In mijn bloed (2017) sleat Roxeanne in perioade ôf; ûngelokkich, sykjend, lilk. It proses fan meitsjen wie har terapy. Hja fûn harsels opnij út as kwetsbere popdiva dy’t rock, pop, libbensliet, R&B en dance as boarnen hat. Ferloofd, mem en yn in folslein oare faze fan har libben wurket Roxeanne oan har twadde album. Dat begjint mei wêr’t it foarige mei ophold: elektroanyske poplûden mei in nostalgysk libbenslietrântsje yn in modern jaske.

Roxeanne Hazes (boarne: De Lawei/Simmerdeis)

The Cool Quest | 25 juny
De muzyk fan The Cool Quest bringt de enerzjy fan de iere hip-hop út de njoggentiger jierren en kombinearret it mei krêftige pop. De sjo strielet enerzjy út en soarget dat net ien yn it publyk stilstean bliuwe sil.

Lokaal talint | 26 juny
Dêr’t gewoanwei Teaterkafee Hopper fan De Lawei de lokaasje foar lokale bands is, is no de sneintejûn fan Simmerdeis it plak dêr’t lekkere bands út Drachten en omkriten te finen binne. De neikommende bands sille dêr eigen nûmers, mar foaral ek klassikers hearre litte: Billboard, Caldius, Challenger, The FunkSoulBrothers en The Skömbags.

juny 5, 2022 07:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.