Murnser Klif mei rekreäasjeterrein by de tiid brocht

juny 25, 2022 08:00

Fan It Fryske Gea

Tongersdei 23 juny hat de provinsje it ambysjedomumint foar alle ynvestearringen oan de Fryske Iselmarkust symboalysk oan de ‘mienskip’ oerdroegen. Dat barde yn paviljoen ’t Mar, in logyske lokaasje, want dêr is te sjen dat it jild út it Iepen Mienskipsfûns goed terjochte komt.

Lânseigen beplanting. Foto It Fryske Gea

Mei it jild binne de omkriten fan it paviljoen opknapt om safolle mooglik minsken derfan genietsje te litten. Distriktshaad Germ van der Burg fan It Fryske Gea late it projekt: “Foarop stie dat safolle mooglik minsken genietsje kinne fan de fasiliteiten en it prachtige útsicht. Fan boartsjende bern op it strân oant minderfalide minsken dy’t fan it lânskip en de natuer genietsje. Fansels hawwe wy by alles wat wy dogge oandacht hân foar duorsumens en lânskiplike ynpassing.”

It Seeleantsje. Foto © It Fryske Gea

It Fryske Gea hat goed sjoen nei hoe’t it foarhinne wie, mar ek hoe’t it tenei foar in protte minsken tagonkliker wêze kin. De kombinaasje fan bosk en mar is belangryk. Wa’t út de Rysterbosk wei fia It Seeleantsje nei it Murnser Klif giet, sjocht de Iselmar al fan fierren lizzen. Dat paadsje mei syn prachtich fiergesicht tusken de beammen hat in grutte ûnderhâldsbeurt krige. Ticht by it restaurant binne picknicktafels en sitplakken oanbrocht, der is lânseigen beplanting oanlein en it parkeerterrein is opknapt en oersichtliker wurden. Foar minderfaliden is it tagonkliker makke. De trep nei it strân is ferfongen troch in flau ôfrinnend paad mei in stevige leuning.

juny 25, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.