‘Mount Everest’ ûnder baktearjes op Guadeloupe fûn

juny 26, 2022 08:51

Foar hast alle baktearjes is in mikroskoop nedich om se te sjen, mar wittenskippers yn it Karibysk gebiet hawwe in baktearje fûn dy’t mei it bleate each sichtber is. It giet om in baktearje dy’t de namme Thiomargarita magnifica krige hat. It is de grutste baktearje dy’t ea ûntdutsen is.

Mangrovebosk yn Guadeloupe (foto: Wikimedia Commons/Gil Malotaux – CC BY-SA 4.0)

De baktearje waard op ferskate plakken fûn yn in mangrovebosk op it eilân Guadeloupe, in Frânsk oerseesk departemint. Hy kin in goed sintimeter lang wurde en hat de foarm fan in wimperhier. Boppedat is er ynwindich folslein oars as wenstich. It DNA swevet net frij om yn de iene sel dêr’t in baktearje altyd út bestiet, mar sit yn ferskate lytsje pûdsjes, mei dêromhinne in membraan. De grutste baktearje dy’t fûn waard, wie sa’n twa sintimeter lang.

Olivier Gros, mei-auteur fan it wittenskiplik artikel yn Science en mikrobiolooch by de Université des Antilles, fûn de baktearje al yn 2009. Mar hy wist doe noch net dat it in baktearje wie. Nei in protte ûndersyk yn it laboratoarium bliek it in reuzebaktearje te wêzen.

Minske sa grut as Mount Everest
“It soe itselde wêze as dat men in minske ûntdekt dy’t sa grut as de Mount Everest is”, seit Jean-Marie Volland fan it Amerikaanske Lawrence Berkeley National Laboratory, dy’t ek oan it ûndersyk meiwurke. “Dizze baktearje is fiiftûzen kear grutter as de measte baktearjes.”

Wêrom’t de baktearje sa grut is, wurdt noch fierder ûndersocht. De ûndersikers tinke dat de grutte de baktearje helpt om foar te kommen dat er opiten wurdt.

juny 26, 2022 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.