Meubilêr foar Oekraynske flechtlingen

juny 13, 2022 09:03

Ynstjoerd

Koartlyn die de gemeente Waadhoeke op Facebook in oprop om oerstallich meubilêr oan Oekraynske flechtlingen wei te jaan.

No trof it tafallich dat wy in keamer fan in ferstoarn famyljelid yn in fersoargingshûs ûntromje moasten dêr’t in protte  meubilêr by oerbleau. Ideaal foar flechtlingen dus. Dat lieten we de gemeente witte. Dy wie tige ynteressearre en soe werombelje foar neiere ôfspraken. Omdat we de keamer op koarte termyn leech opleverje moasten, wie der wol haast by, lieten we de gemeente witte. Doe’t we lykwols op de uterlike dei fan de ûntromming noch neat fan de gemeente heard hiene, koene we net langer wachtsje en hawwe it meubilêr nei de kringloopwinkel yn Boalsert ôffierd.

In dei letter waarden wy skille troch in gemeente-amtner: “Wannear kinne wy it meubilêr ophelje?”….

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

juny 13, 2022 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.