Mear skoalbern folgje no Arabysk as Frysk
Resint ferskynd
- Ynklusive taal 0
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0
Ferline jier leine 194 Nederlânske skoalbern eineksamen yn it fak Arabysk ôf. Gâns mear as yn 2012: doe gie it om mar 65 learlingen. Troch dy stiging is Arabysk sûnt 2021 populêrder as it fak Frysk, dêr’t ferline jier 149 skoalbern eineksamen yn diene. Dat en mear docht bliken út in analyze fan online opliedingsynstitút Laudius op basis fan de eineksamenresultaten fan Stichting Cito.

Foto: pixabay.com
Wol is it taalfak Frysk yn opkomst: de 149 eineksamenkandidaten yn 2021 is nammentlik hast in ferdûbeling neffens de 75 learlingen dy’t yn 2012 eineksamen yn it Frysk diene.
Belangstelling foar Dútsk liket ôf te nimmen
It Dútsk wurdt troch in stik mear learlingen folge: yn 2021 diene goed 58.000 learlingen eineksamen yn de taal fan ús easterbuorlju. Dochs liket de niget minder te wurden: it eineksamen dêrfoar, yn 2019, diene noch mear as 66.000 learlingen eksamen yn it Dútsk.
Spaansk makket in opmars
Dat jildt net foar it Spaansk: yn ’e ôfrûne tsien jier is it tal eksamenkandidaten foar dat fak mear as ferdûbele. Net ferrassend, want Spaansk is nei it Mandaryn Sineesk de meast sprutsen taal op ’e wrâld. Keazen yn 2012 noch 2.100 learlingen Spaansk, yn 2021 wiene dat sa’n 4.200.
Resultaten foar Ingelsk ferbetterje
Oft der no in protte animo foar is of net, it tal eineksamenkandidaten foar de fakken Nederlânsk en Ingelsk bliuwt alle jierren likernôcn gelyk. Dat om’t beide fakken op elts nivo ferplichte eineksamenstof binne. In analyze fan de eineksamenresultaten lit wol in opfallende ferbettering yn de resultaten foar Ingelsk sjen.
Hie in trochsneed learling yn 2012 noch in 6,4 foar Ingelsk, yn 2021 is dat omheechgien nei in kreaze 7,0. Foar it Nederlânsk jildt dat net: yn ’e ôfrûne tsien jier wie it trochsneed eineksamensifer foar it Nederlânsk hieltyd in 6,2 of 6,3.
Mear ynformaasje oer de ûndersyksmetoade, resultaten en fisualisaasjes is te finen op www.laudius.nl/onderzoek-taalvakken.
Mar omfolking is in komplot hear….