Mear lûd om provinsjale diken yn Fryslân hinne
Resint ferskynd
De provinsje Fryslân hat in nije lûdsbelêstingkaart 2021 fêststeld. Dy jout op basis fan berekkeningen it lûd yn ’e omkriten fan provinsjale diken yn Fryslân wer en ferfangt de kaart fan 2016. Oan ’e hân fan de nije kaart komt der yn 2024 in plan mei maatregels om it tanimmen fan lûd te beheinen.
Om ’e fiif jier stelt de provinsje in nije lûdsbelêstingkaart fêst. Dy lit sjen dat mear wenningen oan ferkearslawaai bleatsteld binne. Dat komt trochdat Fryslân mear kilometers provinsjale dyk krige hat en der mear auto’s ride. De berekkeningsmetoade is ek wizige. Dy berekkening – op basis fan ferkearsyntinsiteit, faasje, kondysje fan de dyk en de ôfstân ta de bebouwing – is foar hiel Europa gelyk en wetlik fêstlein.
Aksjeplan lûd
De provinsje hat de ferplichting om nei it fêststellen fan in lûdsbelêstingkaart ek in aksjeplan lûd op te stellen. Dat beskriuwt mooglike maatregels om lûd te beheinen. Yn it gefal fan provinsjale diken kin it gean om it oanlizzen fan stiller asfalt of it pleatsen fan in lûdswâl. As dat net genôch wurket, kin it gean om it isolearjen fan wenningen. Omdat de lûdsbelêstingkaart op basis fan nije berekkeningen fêststeld is, nimt de provinsje ek de útgongspunten foar it aksjeplan lûd ûnder de loep. It nije aksjeplan komt yn 2024 en slút oan op de nije lûdsbelêstingkaart (2021). It hjoeddeistige aksjeplan rint oant 2023 en is allinnich fan tapassing op de foarige lûdsbelêstingkaart (2016).
Lûdsproduksjeplafond
Mei it yngean fan de Omgevingswet feroaret ek it ien en oar op it mêd fan lûdwetjouwing. Koe it lûd fan diken as gefolch fan groei fan it autoferkear sûnder gefolgen jierliks wat tanimme, aanst sit der in maksimum oan ‘e groeiromte. As dat lûdsproduksjeplafond berikt is, moat de provinsje neigean hokker maatregels oft der nommen wurde kinne om it lûd wer ûnder it maksimale grinsnivo te bringen.
Foar it fêststellen fan it aksjeplan lûd, wachtet de provinsje op dy Omgevingswet. “Wy hawwe it lûd yn ’e omkriten fan provinsjale diken no opnij berekkene en geane dêrnei oan ’e slach mei in byhearrend aksjeplan. Dêryn moatte wy ek nije easken út de Omgevingswet ferwurkje. Oant dat klear is hâlde wy fêst oan it aksjeplan dat heart by de lûdsberekkeningen út 2016”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje