Lytsere minsken binne minder faak siik

juny 6, 2022 15:31

Foto: Unsplash

It fermoeden bestie yn ‘e wittenskip al langer: wat langer oft minsken binne, wat grutter de kâns dat se beskate krupsjes skypje. Oft lingte wier de eigenskip wie dy’t dy kâns fergrutte en net bygelyks sûn iten, wolfeart of groulivigens, wie lykwols noch ûndúdlik. No hawwe Amerikaanske en Sineeske wittenskippers sjen litten dat mear lichem mear sykte betsjut.

De ûndersikers ûnder lieding fan Sridharan Raghavan fan de universiteit fan Kolorade hawwe de gegevens analysearre fan 270 tûzen Amerikanen. Hja fûnen 345 krupsjes dy’t dúdlik faker foarkomme neigeraden minsken langer binne, mar dy’t net te ferklearjen binne út eigenskippen dy’t mei lingte gearhingje, lykwols de kwaliteit fan it iten om de omfang fan it liif.

Ta de sykten dy’t by lange minsken faker foarkomme, hearre hertritmesteurnissen, bloedstjurrings yn ‘e ieren, spatieren, spontane senuwskea, hûdsykten en ynfeksjes yn ‘e bonken. Neffens Raghavan is dat soms maklik te ferklearjen: lange minsken hawwe langere ieren en it hert moat dus hurder pompe om it bloed rûngean te litten. De hegere druk yn ‘e ieren kin spatieren en bloedstjurrings feroarsaakje. Hoe’t it komt dat lange minsken mear lêst fan senuwskea hawwe, kin er lykwols net ferklearje.

Nederlân hat de langste befolking fan ‘e wrâld en yn Nederlân binne de Friezen it langst. Dat betsjut dat Friezen fan natuere in heech risiko op allegear kwalen hawwe. Neffens Raghavan kinne lange minsken lykwols fan alles dwaan om dy risiko’s te ferleegjen, lykas net smoke, slank bliuwe en in protte ferwege.

juny 6, 2022 15:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.