LTO Noard wol bern dy’t skoalreiske misten ferrasse
Resint ferskynd
Ferline wike koene ferskate bern yn Nederlân net op skoalreis. Dat kaam troch de protesten fan boeren dy’t foar harren takomst opkamen. Neffens LTO Noard wie de opkomst ûnferwachts heech. Mei as gefolch grutte drokte op de diken. LTO Noard docht in oprop oan de skoallen fan dy bern om harren te melden. De boeren wolle graach wat foar harren weromdwaan.

Foto: LTO Noard
“Wy steane as LTO Noard foar publyksfreonlike aksjes. Yn Nederlân is de stipe foar de boeren ûnder de minsken ek tige heech. It is net de bedoeling dat skoalreiskes fan bern net trochgeane. Dat binne hiele moaie útstapkes. Ik hoopje dêrom dat de oanbelangjende skoallen har melde. Sa kinne wy ek wat aardichs weromdwaan foar dy bern”, seit Dirk Bruins, foarsitter LTO Noard.
Melde
Skoallen kinne har melde troch in e-mail te stjoeren nei communicatie@ltonoord.nl. Dêrby moat fermeld wurde om hokker skoalle it giet en hoefolle klassen en bern.
Meie se mei op de trekker oer de A7…
In pear jier lyn hiene wy al blokkearfriezen. Hjoed-de-dei binne wy oantangele mei blokkearboeren. No binne de boeren mar in hiele lyts part fan ‘e befolking, dat miskien is der wol in WOKE-groep dy’t it foar harren opnimme wol. Dan draaie partijen as D66 ek wol by…