Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: Ried en striid

juny 6, 2022 07:00

Skôging

De biografy fan Tony Feitsma is net allinnich it ferhaal fan in wittenskipper (dêroer in oare kear wer) mar ek fan in beweger. Dy twa wiene foar har ek wêzentlik ferbûn. Mei de dingen dy’t se as wittenskipper útsocht, woe Tony de beweging fierder helpe. En oarsom makke se fan de Fryske beweging ek in ûnderwerp fan wittenskiplike stúdzje. Mar it wie net allinnich de ferbining tusken wittenskip en beweging, it wie foar Tony ek de beweging sels dêr’t se net sûnder koe. Sa gau as it kin, wurdt se lid fan it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein: yn jannewaris 1944, as se santjin wurdt, de minimumleeftyd foar it lidmaatskip. Sadree’t se yn Amsterdam as studint te stoel en te bank is, jout se har by de Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Dat is yn 1946. En hja hat nei alle gedachten fan it begjin ôf ek lid west fan it Striidboun Fryslân Frij, dat oprjochte waard yn 1948.

út De Stiennen Man, 25 april 1958

Yn al dy fermiddens liet se wol fan har hearre, mar Tony Feitsma as Frysk beweger begjint pas echt in bekende namme yn Fryslân te wurden fan 1958 ôf. Yn dat jier ûntstiet, skynber út it neat, in diskusje oer de stavering fan it Frysk, dy’t jierren en sels desennia oanhâlde sil. Binnen in pear moanne falt it wurd ‘staveringsoarloch’ (Harm Scheffer yn De Stiennen Man fan 25 april 1958), en dat sil bliken dwaan profetysk te wêzen. Dy ‘staveringsoarloch’ begjint mei in oanfal fan studinteferiening Bernlef op ’e Fryske Akademy, mar it duorret net lang, of alles is deryn behelle: Frysk en Frij, De Stiennen Man (blêd fan it Frysk Nasionael Boun), Lyts Frisia (blêd fan de Jongfryske Mienskip) en net te ferjitten de Ried fan de Fryske Beweging.

De details binne kostlik, om net te sizzen hjir en dêr pikant, mar dy kin ik hjir om ’e romte net út ’e doeken dwaan. Mar it komt hjirop del: troch de staveringsoarloch, dêr’t Tony Feitsma al rillegau fleurich oan meidocht, slagget it har mar leafst om in sit te krijen yn it Deistich Bestjoer fan ’e Ried fan de Fryske Beweging. In pear nijsgjirrige dingen komme dan byinoar.

Alderearst: de Ried fan de Fryske Beweging is dan noch mar 15 jier âld (de Ried is, witte wy no, oprjochte yn ’e maitiid of simmer fan 1944), mar hat dan al syn earste réorganisaasje (1951) [ OFBYLDING ] en twa bestjoerskrisissen (1953 en 1958) efter de rêch. Dat hat te krijen mei in nuvere spagaat dêr’t de Ried yn siet. Oan ’e iene kant waard der tige by de Ried opsjoen as oerkoepeljend orgaan, oan ’e oare kant wiene de doelen fan ’e Ried yn rûge halen al troch de provinsje oernommen yn 1948. Dêrmei hie de Ried eins fan it begjin ôf in byrol, dy’t late ta gefoelens fan machteleazens en frustraasje. Mar alle besykjen om dy sitewaasje te feroarjen rûnen stomp op ’e eangst om kwyt te reitsjen wat de lju yn en nei de oarloch beskrept hiene.

Twad: de Ried fan de Fryske Beweging kriget de haadrol taspile yn ’e staveringsdiskusje fan 1958. De AFUK wol in ein oan ’e heilleaze diskusje en freget sadwaande oan de Ried fan de Fryske Beweging om in kommisje yn te stellen dêr’t alle belanghawwenden yn fertsjintwurdige binne, en sadwaande de boel yn goede banen te lieden. Dat bart yn april 1958, en de Ried is dêr lang net op klear, omdat der krekt wer in bestjoerskrisis is. Mar it slagget de Ried om in nij bestjoer te foarmjen, en dat bestjoer (it ‘Deistich Bestjoer’ of ‘D.B.’) kriget it yndied foar elkoar om sa’n kommisje gear te stallen, en dy kommisje komt yn febrewaris 1959 al mei in rapport: staveringsferoaring is op dit stuit net mooglik of winsklik; fierder petear oer in eventúele staveringsferoaring hat dus gjin doel. De Ried stjoert dan dat rapport ûnder oaren nei Deputearre Steaten. Yn it DB freget Tony om in oanfolling: it tastjoeren wol perfoarst net sizze dat de Ried op ien of oare menier foech oerdrage soe oan ’e provinsje!
Ik haw net útfine kind, oft dy warskôging ek oerbrocht is. Mar mooglik hat Tony letter wol tocht fan ‘Hie ’k my mar stilholden’, want presys wat sy foarkomme woe, bart dochs yn 1969: de provinsje lûkt dan it foech oer de Fryske stavering nei him ta, dêrta twongen troch de hieltyd grutter gaos dy’t ûnder oaren troch Tony Feitsma har iggewearjen ûntstien is.

As lêste: it argyf fan ’e Ried fan de Fryske Beweging út dy tiid is der net mear, sa goed ik wit. Dat ik dizze dingen dochs allegear boppe wetter krije koe, komt trochdat Tony, doe’t se yn it DB fan ’e Ried kaam, alle Rieds- en bestjoersferslaggen fan 1951 ôf opfrege hat. Wat dûbeld wie, mocht se hâlde, wat se wer ynleverje moast mar foar har al nijsgjirrich wie, hat se mei de hân oerskreaun en bewarre. Sa is map 416 fan it Feitsma-argyf ien fan ’e grutste skatkeamers foar de bewegingsskiednis fan de midden fan ’e ôfrûne ieu. Tresoar, pas der goed op!

Dit is de fjirde fan de rige ferslachjouwingen oer it ûndersyk fan dr. L.H. Westra nei libben en wurk fan Tony Feitsma. De foargeande ôfleveringen binne maklik werom te finen troch te sykjen op Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma. De fyfde ôflevering sil yn de earste wike fan july publisearre wurde.
juny 6, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 juny 8, 09:36

    It binne moaie foarpriuwkes. Bin benijd nei de biografy!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.