Lilkens op Waadeilannen om gasboarring by Skier
Resint ferskynd
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
- YouTube heft blokkade âld-presidint Trump ek op 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
Op ‘e Noard-Hollânske en Fryske Waadeilannen kinne se der net by: it regear hat tastimming jûn foar gasboarrings by Skiermûntseach. Hoewol’t it Waad in beskerme natoergebiet is en de UNESCO it sels opnommen hat op syn list mei natoererfskip, mei it bedriuw ONE-Dyas gas út de seeboaiem helje.
Enerzjybedriuwen besykje al jierren om tastimming te krijen foar gaswinning ûnder it Waad. It regear hat ferline jier sein dat boarrings op it Waad net tastien wurde, mar krekt dêrbûten, yn de Noardsee mei it al.
De gemeentebestjoeren fan ‘e Waadeilannen moatte neat hawwe fan de plannen. Hja binne benaud dat it Waad skansearre en dat de eilannen bedrige wurde troch fersakkings. Ineke van Gent, de boargemasterske fan Skiermûntseach, seit dat it tiid is foar nije ynsjoggen en dat it kabinet sykje moat om duorsume enerzjyfoarmen. De boargemasters fan de Waadeilannen wolle sjen oft se de plannen noch keare kinne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje