Lansearring webside It Goud fan Noardwest-Fryslân
Resint ferskynd
Tongersdeitemoarn 9 juny wurdt It Goud fan Noardwest-Fryslân lansearre by in moarnsbrochje mei ûndernimmers út Harns en Waadhoeke. It Goud fan Noardwest-Fryslân is it platfoarm fan de gearwurking tusken ûndernimmers, ûnderwiispartijen en de gemeenten Harns en Waadhoeke. Mei-inoar wurkje dy oan in sterkere ekonomyske regio en de grutte opjeften fan de takomst.

Boarne: Gemeente Harns
Hoe wurdt de ekonomyske struktuer fersterke?
Undernimmers, ûnderwiis en de beide gemeenten wurkje gear oan de útfiering fan it sosjaalekonomysk aksjeprogramma. De regionale ekonomy fan Noardwest-Fryslân skoart lanlik sjoen minder goed en is gefoelich foar ekonomyske skommelingen en ûntwikkelingen fan bûten ôf. Mar de regio hat ek noch folop kânsen om te groeien op it mêd fan wolfeart, ekonomy en wolwêzen. Undernimmers, ûnderwiis en oerheden binne mei-inoar oan ’e slach om dy kânsen te benutten mei as doel de regionale ekonomy groeie te litten mei 22% yn 2030. Dat dogge se oan ’e hân fan fjouwer programmalinen:
- Ynnovaasjee en ûndernimmerskip
- Arbeidsmerk en ûnderwiis
- Fersterkje wen- en fêstigingsklimaat en
- Tûker gearwurkje yn en bûten de regio
Utwurking sosjaalekonomysk aksjeprogramma online te folgjen
Fan no ôf binne de ûntwikkelingen fan de útwurking fan it sosjaalekonomysk aksjeprogramma te folgjen fia in spesjale webside: www.hetgoudvannoordwestfriesland.nl. Dy jout in aktueel byld fan de fuortgong fan it programma, fungearret as platfoarm om as ûndernimmers, ûnderwiis en oerheid oan te heakjen by de grutte maatskiplike opjeften en jout it ferhaal fan de regio wer. Dy hat nammentlik in protte net-oansprutsen potinsje, “se sitte dêr op goud”.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje