Lansearring moanneraket NASA net foar ein simmer
Resint ferskynd
Ofrûne sneon is NASA begûn mei in nije generale repetysje foar de earste lansearring fan syn nije moanneraket. In earder besykjen om sa’n oefening ta in goed ein te bringen, ferrûn net goed.

Foto: NASA
De SLS-raket dy’t oer in jiermannich Amerikanen nei de moanne bringe moat, is foar NASA in nuodlik gefal. Nei jierren fertraging stie it Space Launch System begjin april klear foar it oefenjen fan de lansearring en it foltanken fan de raket – om der sa wis mooglik fan te wêzen dat mei de echte lansearring foar de Artemis I-missy alles goed gean soe. Mar oant trije kear rûn de repetysje op neat út.
Der wiene problemen mei in haperjende heliumklep yn ’e boppeste trep, oanslutingen foar de tankslangen op de lanseartoer lekten wetterstof en in bedriuw dat stikstof leveret om parten fan de raket te suverjen bliek net genôch gas leverje te kinnen.
Dy saken binne no oplost, wit Ronald Klompe, ferbûn oan it Nasjonale Romtefeartmuseum yn it Aviodome. It stikstofbedriuw hat de kapasiteit útwreide, de wetterstoflekken binne ticht en de oarsaak fan de ûnwillige heliumklep waard ek fûn: der siet in stik rubber fêst dat dêr hielendal net sitte moatten hie. Moandei is de raket foltankt.
As de test no goed ferrint, wurdt it SLS weromrôle nei it VAB-gebou, dat ea ek tsjinne as hangar foar de Apollo-moanneraketten en de spaceshuttle. Dêr kriget it systeem de lêste ûnderhâldsbeurt. NASA set foar de lansearring yn op ein augustus/begjin septimber. By dy earste flecht yn it Artemis-programma moat de nije Orion-kapsule yn in baan om ’e moanne brocht wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje