Krookjekongres 2022: in ferslach

juny 12, 2022 08:41

Op 7 maaie 2022 koe einliks it jierlikse kongres fan de Fryske studinten wer plakhawwe: it Krystkongres. Troch it mei in jier útstellen fan it kongres foar de tiid fan it jier tapaslik omdoopt ta ‘Krookjekongres’. Dit 89e kongres wie organisearre troch leden fan de Fryske studinteferienings yn Nederlân, F.F.J. Bernlef yn Grins, W.S.S.F.S. yn Wageningen en D.S.S.F.S. Aldgillis yn Delft.

Foto: Joachim de Ruijter

It tema wie itselde tema as de organisaasje keazen hie by it organisearjen fan it kongres yn 2020, dat net trochgean koe: ‘It lok fan de Friezen’. Dat tema is basearre op de earste leefberensmonitor ‘Leven in Fryslân’ troch it Frysk Sosjaal Planburo. Dat konkludearre yn 2019 nammentlik yn Fryslân in ‘Fryske paradoks’: in situaasje fan relatyf lege ekonomyske wolfeart en tagelyk krekt hege sosjale wolfeart en lok.

Foto: Evelien van der Schaar

Hast trije jier letter wie it tema noch nijsgjirriger en aktueler as ea, mei de neisleep fan de koroanakrisis yn de efterholle. Lykas alle jierren waarden de kongresgongers, leden fan de ferskillende ferienings, mar ek Fryske studinten út oare Nederlânske stêden, yn ‘e moarn ferwolkomme troch boargemaster Marga Waanders yn it stêdhûs fan Frjentsjer. Nei stilstien te hawwen by it tema fan it Fryske lok en it lokkich wêzen dat elts wer dielnimme koe oan it kongres, fersoarge Josse Pieterma in stedskuier by de moaiste plakjes fan Frjenstjer del.

Nei it moarnsprogramma waard it sympoasium tapaslik ynlaat mei in bearenburchje foar eltsenien, en koe Marijn Molema fan it FSP it spit derôf bite as earste sprekker. Hy fertelde oer de leefberensmonitor fan 2019 en de Fryske paradoks, en de ûndersiken dy’t nei dy monitor by it FSP úteinset binne oer itselde ûnderwerp. Nei hear Molema spruts Daniël Coenen, kollumnist by de Ljouwerter Krante dy’t fan Rotterdam nei Ljouwert ta ferhuze. Hy fertelde oer syn ûnderfining mei it Fryske lok en hoe’t er dat meimakke hat yn syn wurksume libben yn Fryslân.

Foto: Evelien van der Schaar

Nei it skoft spruts bierbrouwer Duco Dokter oer it bier dat hy brout, in wat lichter ûnderwerp, mar krekt sa oansprekkend, en oanslutend fertelde Steatelid Rendert Algra (CDA) oer it bestjoersakkoart fan 2019, mei de namme ‘Lok op 1’, dat ek basearre is op it troch de FSP útbrochte leefberensmonitor, en oer de rol fan lok yn kwaliteit fan libben. De fjouwer sprekkers ôfkomstich út tige ferskillende brânsjes ljochten it tema optimaal ta en makken it kongres ta in grut sukses.

Yn de jûn waard tiid bestege oan it buorreljen mei-inoar, kontakten lizzen tusken Fryske studinten om utens, sfearfol ûnder begelieding fan de Fryske band Sjoerd ensa. By de kabaretkriich lei elts op de grûn fan it skatterjen en mei de bierkriich en dellekriich stiene de ferskillende ferienings streekrjocht foarinoar oer om mar mei de winst mei nei hûs ta te gean. Koartsein, mei de kryst of net, it kongres wie in tige grut sukses mei in grutte opkomst, in soad entûsjasme en dêr’t nijsgjirrige ûnderwerpen by oan ’e oarder kamen.

Welmoed Sjoerdstra
Skriuwer Kryst/Krookjekongreskommisje 2021/2022

Foto: Evelien van der Schaar

juny 12, 2022 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.