Kommende twa jier needkonsesje foar busferfier yn Fryslân

juny 22, 2022 10:17

It busferfier hie ûnder gewoane omstannichheden wer foar fiif jier oanbestege wurde moatten, mar troch de koroanapandemy koe dat. Der wie te folle ûnwissichheid oer oantallen reizgers. Dêrom rydt Arriva fan 11 desimber 2022 oant en mei 14 desimber 2024 neffens in oerbrêgingskonsesje.

Op dit stuit brûkt 85% fan it tal reizgers fan fóár de koroanapandemy de bus. Troch de oprinnende kosten en minder wurdende opbringsten sil Arriva 9% minder tsjinstregelingsoeren ride ferlike mei de no noch jildende tsjinstregeling. Dêr hat provinsje mei ynstimd. Utgongspunten binne it yn stân hâlden en fuortsterkjen fan ’e linen mei de measte reizgers, it koarter meitsjen fan reistiden op linen, it better oanslute litten fan bus en trein, it ynsetten fan ûnderskate tsjinstregelingen en it ynsetten fan fraachôfhinklik ferfier of lytsere bussen op ritten mei minder as fiif reizgers.

It omleech gean fan it tal tsjinstregelingsoeren kin gefolgen hawwe foar de reizger. Arriva fiert de oanpassingen troch op plakken dêr’t net folle reizgers binne en dêr’t alternative foarmen fan iepenbier ferfier binne, lykas de Opstapper en de Linetaksje. Alle kearnen dy’t no iepenbier ferfier hawwe, hâlde in foarm fan iepenbier ferfier. Yn septimber folget noch in neiere berekkening op grûn fan hoe’t it lân der dan hinne leit yn it iepenbier ferfier. Deputearre Avine Fokkens-Kelder praat fan in needgreep om yn de kommende twa jier yn ’e hjoeddeistige omstannichheden foar in sa goed mooglik iepenbier ferfier te soargjen.

Spesjale abonneminten
Om it iepenbier ferfier noch tagonkliker te meitsjen foar reizgers, sil Arriva it brûken fan bus en trein foar kwetsbere doelgroepen stimulearje mei spesjale abonneminten. Dêrneist kinne reizgers ynkoarten makliker betelje mei bygelyks in betelpas, yn stee fan allinne de IF-tsjipkaart.

juny 22, 2022 10:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.