Koälysjepartijen net akkoart mei ynfolling fan foarstelde besunigings

juny 9, 2022 07:50

De koälysjepartijen yn Provinsjale Steaten (CDA, PvdA, FNP en VVD) wolle mear romte oerlitte oan de nije Provinsjale Steaten om in kar te meitsjen. Dêrom wolle se no net definityf beslute om te besunigjen op kultuer en de Fryske taal, de ekonomyske aginda, de natuerorganisaasjes en sporteveneminten. Dat soe kinne troch de besunigings op dy posten in jier lang ynsidinteel te finansieren. Oan it ferfallen fan de subsydzje oan Doarpswurk stelle de partijen betingsten.

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

Mear frijheid om te kiezen yn de kommende perioade
De koälysje partijen: “De oankundige besunigings hawwe soarge foar in soad ûnrêst by de organisaasjes dy’t dertroch rekke wurde. Dat begripe wy, mar oan de oare kant stypje wy wol it prinsipe dat der € 5 miljoen euro oan strukturele frije romte wêze moat foar de nije Provinsjale Steaten om in eigen kar te meitsjen. Wy wolle oan de iene kant in sûne finansjele boekhâlding, en oan de oare kant wolle wy romte hawwe om yn de kommende tiid ta in goede ôfwaging te kommen. Mei dit foarstel biede wy politike romte om de diskusje oer de útgongspunten te fieren. Der binne ommers Provinsjale Steatenferkiezings yn maart 2023.”

Doarpswurk
Provinsjale Steaten hawwe yn 2018 besletten om de taken van Doarpswurk ûnder te bringen yn in nije netwurkorganisaasje en dêrnei op te hâlden mei de subsydzje. De nije organisaasjestruktuer foar mienskipsinisjativen is noch net aktyf, wylst dat wol in betingst wie foar it stopsetten fan de subsydzje. De partijen tsjinje dêrom in foarstel yn om de subsydzjerelaasje mei Doarpswurk pas stop te setten as de funksje dy’t Doarpswurk no hat, yn de nije organisaasjestruktuer garandearre is.

juny 9, 2022 07:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.