Kataloanië yn ferset tsjin ferplichte Spaansk op skoalle

juny 2, 2022 11:06
Kataloanië (read) en Spanje (giel), Wikipedia-Mutxamel/Rastrojo

It Katalaanske regear hat alle skoallen yn Kataloanië te witten dien dat se trochgean meie mei it brûken fan it Katalaansk as iennichste fiertaal yn de les. It brûken fan it Katalaansk as skoaltaal is al tsientallen jierren in suksesfolle manier om de maatskippij folslein twatalich te meitsjen. De media en it bedriuwslibben binne nammenlik foar in grut part yn it Spaansk.

Under ynfloed fan protestearjende ymport hawwe Spaanske rjochters it brûken fan it Spaansk lykwols ferplichte. De heechste Spaanske rjochter hat Kataloanië oan dizze wike ta de tiid jûn om derfoar te soargjen dat op syn minst in fearn fan de lessen yn it Spaansk jûn wurde. It regear fan Pere Aragonès hat lykwols it tsjinoerstelde dien.

Skoallen kinne ientalich Katalaansk bliuwe, hat de Katalaanske oerheid buorkundich makke. Mocht de Spaanske oerheid de skoallen dêrfoar straffe wolle, dan krije dy neffens it skriuwen fan Aragonès “folsleine juridyske rêchdekking” fan syn regear. Aragonès hat der nea in geheim fan makke dat er stribbet nei in ûnôfhinklike Katalaanske steat.

Kataloanië hat himsels yn 2017 nei in referindum ûnôfhinklik ferklearre, mar de Spaanske oerheid beskôget it noch hieltyd as in diel fan Spanje.

juny 2, 2022 11:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. wirbel juny 2, 12:41

    En dan kinne wy yn Fryslân noch net iens goed underwiis yn it Frysk foar mekoar krije.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.