Jan Schokker: Panfûgel

juny 25, 2022 07:00 Fernijd

Kollum

In komplimintsje is altyd aardich, mar de searje fearren dy’t ik foarige wike fan in fleurige foarbygonger yn ’e kont proppe krige wie útsûnderlik.
Ik kaam fan de steger ôf om nije frisse ferve foar de dekplanken dy’t ik krekt skjinmakke en skuorre hie. Op it Sevenaerpad stoppe in auto en in mantsje frege oandacht. Ut ’e auto wei, mei it rút oan de byriderskant iepen, rôp er my oer de sleat hinne entûsjast oan.
“Wat in geweldich moaie útbou ha jimme hjirre. Dat swarte hout by dy giele stien, dy foarm, dy donkere balken as ôfskieding mei de tún en dan dy trochlutsen styl yn it ûntwerp fan it hiem. Fantastysk!”

Wat aardich om soks te hearren, net? Wy hawwe wolris faker in komplimintsje krige oer it gehiel, mar nea sa lyrysk as fan dizze keardel. Wat makke no dat dy fûgel sa út ’e skroeven wie? Wie er arsjitekt of sa? Ik soe it him freegje kinne. Hy frege oft er oankomme mocht en soks koe ik eins net wegerje. Fiif minuten letter kaam er de hoeke fan it hûs om en fuortdaliks begûn er wer te bearen.

In netsjes mantsje wie it: behindich, in bierliif, bol kopke, fleurich antlit mei in kleurich stylfol briltsje op ’e noas. Begjin sechstich, skatte ik him. Hy die my tinken oan in wat aparte kunde út de reklamewrâld. Dat wie al sa’n flotte prater. En by de gatten om ticht.
It mantsje begûn wiidweidich te fertellen dat er thús krekt sa’n soarte tún hie en dat er dêr altyd mar drok mei wie. Benammen de blommen, och heden dat wie syn wille en tier. Hy begûn my advizen te jaan. Miskien wie it moai om op de swarte wand fan it hok spegels oan te bringen en yn ’e midden fan in gersfjild moast in rûne ferhege blompot komme te stean mei blommen yn bûnte kleuren.
No like my dat hielendal neat; ik haw in hekel oan kleurige blommen. Te drok en te fleurich. Nee, dit wie gjin túnarsjitekt. Hokker kant soe it opgean? De frou en ik, wy fregen wêr’t er wei kaam en hokker berop oft er hie.

Syn komôf sei er neat oer, wol oer syn profesje. Hy hie kok west, mar nei syn hertynfarkt moast er it him tige oan tiid dwaan.
De fûgel naam de frijheid om troch de ruten te koekeloeren.
“Moai, moai, moai”, sei er. “Ah, jimme koaitsje op in keramyske plaat! Dat is treflik.” Hy frege de frou oft har dat wat foldie. Ik heakke ôf. Hy koe om my wol opsokkebalje, want hy besoarge myn fervjen oan it hûs aardich opûnthâld. Ik haw dan wol in útkearing fan Drees, mar ik haw ek in soarte fan planning yn myn drok bestean.
De frou gie it hûs yn en helle in panne. Wat hie ik mist? It gie dochs oer de tún, ús hûs?
Oe, dit wie gjin goeie panne! Wy krigen in lêzing oer pannen. Prizen, merken, kwaliteit. Dit wie in BK. Eartiids in djoer en poerbêst merk, mar… tsjintwurdich kamen dy kringen út Sineeske fabriken en dan wist men it wol fansels: rvs mei aluminium, in ûngaadlike boaiem, se lutsen samar krom en wiene dêrtroch net heal geskikt foar in keramyske plaat. En dat kin o sa dramatysk útpakke. Boppedat, mei sokke BK-blikjes út Sina hiene wy alhiel gjin garânsje mear op dy plaat.

Lykwols, hy koe ús te wille wêze, want yn de kofferbak hie er noch in hiel setsje pannen. Soe er earne ôfleverje, mar as wy woene, koene wy dy pannen foar net te folle sa oernimme. Wy mochten der mei gjinien oer prate, fansels.

Set pannen? Yn ’e kofferbak?
Ja, hy wurke no by in soarte fan ‘kookwinkel’, joech demonstraasjes oer itensieden mei it bêste pannespul fan ’e wrâld.
Soe men sa’n boefke net? Mei in moai ferlechje himsels it hiem op en ús hûs ynprate, earst fertrouwen opbouwe en dêrnei dat stel simpele âldsjes in set pannen yn ’e mage splisse. Ik waard siedend. Soe ik him ophingje oan de steger? Mar dan hong er my de hiele dei yn it paad.
Wy mochten earst de pannen wol besjen, besocht er noch. Wy wiene der wol klear mei. Hy wie samar fuort.
Under ús kunde bliek dit ferhaal net alhiel ûnbekend. Sa’n partoer pannen wurdt mei in pracht fan in ferhaal faker oanbean foar in skiklik pryske fan likernôch 500 euro. Mei in dûbelde boaiem.

 

juny 25, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.