Jan Bosgraaf: Froulju, lit jim hearre!

juny 11, 2022 08:00

Kollum

It is mei de minsken lykas mei de natuer. Ut en troch stekt der in stoarm op. By de minsken giet it dan om in stoarm fan krityk of protest, yn ’e regel it gefolch fan eat dat yn de eagen fan de kritikaster of demonstrant net doocht. Soms bliuwt it by in boartlike of ludike aksje. In oare kear bringt it in swiere stoarm tewei. Tink mar oan de demonstraasjes tsjin it ynstellen fan de jûnsklok. As we de demonstraasjes fan de boeren tsjin it stikstofbelied fan de oerheid dêrmei fergelykje, wie dat op syn heechst wynkrêft 7. En it protest #30meikoeuitdewei wie hast wynstil, mar wol mei in dúdlik sinjaal nei de oerheid oer it swalkjende stikstofbelied.

Doe’t de taliban yn maaie feroardere, dat Afgaanske presintatrises tenei op de telefyzje harren gesicht bedekke moatte, waard dêr raar guod fan spuid. Kommunisearje mei in mûlkapke foar. Sûnt foarich jier witte we mar al te goed hoe ûngemaklik oft dat is. Dêr siet de oast lykwols net. Der waard och en wee roppen omdat de froulju dêrmei noch fierder beheind waarden yn harren hâlden en dragen. Sûnt de taliban yn Afganistan wer oan ’t regear is, kaam der in ferbod op ûnderwiis foar famkes, meie se net langer meispylje yn telefyzjesearjes en meie se allinnich yn it fleantúch stappe as se troch in manlik famyljelid begelaat wurde. En froulju moatte bûtendoar wer in boerka drage. De tiid stiet dêr net stil, mar wurdt weromdraaid nei de midsiuwen. Alteast yn ús (westerske) eagen. En it binne fansels ek idioate foarskriften. Mar wêr’t it winliken om giet, is it feit dat froulju diskriminearre en útsletten wurde. As itselde jilde soe foar, om mar wat te neamen, manlju mei in swart burd, dan wie de wrâld te lyts. No belune de stoarm lykwols al frij gau wer, want Afganistan is ommers sa fier fuort. It is de sprekwurdlike fier-fan-ús-bêdshow.

Mar hoe leit de wrâld der by ús hinne as it om de kânsen en mooglikheden fan froulju giet? Hoefolle jierren wurdt der net harsenskrabbe oer in gelikense beleaning fan man en frou? Hoelang wurdt der net op omeamele dat der mear froulju yn hegere funksjes komme moatte. Lykwols binne der bygelyks noch altyd kolleezjes fan boargemaster en wethouders dy’t inkeld út manlju besteane. En der binne yn ús lân anno 2022 noch beskate tsjerkeferbannen dy’t gjin froulju yn it amt tasteane. Oft it no om in dominy, in âlderling of in diaken giet, dat makket neat út. En it binne manlju yn swarte pakken, dy’t dêr yn harren (synodale) wiisheid oer beslute. Se basearje harren dêrby benammen op fjouwer fersen yn de trettjin brieven dy’t de apostel Paulus in lytse 2000 jier ferlyn skreaun hat oan meastal in kristlike gemeente yn in beskate stêd. Dy fersen binne bekend as de swijteksten. “Lykas yn al de gemeenten fan ’e hilligen, hearre de froulju yn ’e gearkomsten te swijen, want it wurdt harren net talitten te sprekken, …” is ien fan dy fersen. De grize giet jin oer de grouwe. Dat giet dus noch folle fierder tebek as de midsiuwen. Is hjir dan gjin sprake fan diskriminaasje en útsluting? Dat wurdt blykber net sa ûnderfûn, want der wurdt mar op hiel lytse skaal tsjin appellearre. Mar wat makket it út, oft in man of in frou fertelt fan en praat oer leauwe, hope en leafde? It giet om it boadskip. De bringer dêrfan docht der net ta. Foaral oer de leafde, neffens de Bibel it grutste en wichtichste, kinne froulju dat grif folle better as manlju. Om’t se no ienris yntuïtiver en empatysker binne as de fierwei measte manlju. No dan, froulju, lit jim hearre!

 

juny 11, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.