It Bearenburchevangeelje neffens Piter Wilkens
Resint ferskynd
- ‘Oogst’ – gelegenheidsprojekt fan Merijn Vrij by Museum Belvédère 0
- Bylden fan Barbara Hepworth yn tunen Ryksmuseum 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
Sjonger-ferskeskriuwer Piter Wilkens hat net allinnich in passy foar muzyk, mar ek foar bearenburch. Yn it boek fan Harry de Jong giet er op syk nei de oarsprong fan de drank. De tocht begjint yn Amsterdam, oan de Stromarkt nûmer 9. Dêr soarget Hendrik Beerenburg yn 1724 mei syn op jenever trutsen genêskrêftige krûden – as wie it buskrûd – foar de oerknal fan it ‘godlike slokje’.

Boarne: Utjouwerij Louise
Dêrnei giet de tocht troch prachtige natuergebieten, dêr’t de krûden dy’t bearenburch op smaak bringe, yn groeie en bloeie. De lêzer komt yn ’e kunde mei kleurrike en legindaryske Fryske distillearders, dy’t as echte fakkeldragers it erfgoed fan Hendrik Beerenburg oant hjoeddedei yn eare hâlde.
Piter konkludearret oan ’e ein fan syn syktocht: “Bearenburch is ek Rock and Roll.” Dêrom skreau er spesjaal foar it boek in stikmannich nije nûmers. De ferhalen en de lietsjes yn it boek binne krekt sa smaaklik as bearenburch sels.
Mei foto’s fan Niels Westra.
Het Beerenburg Evangelie volgens Piter Wilkens
Skriuwer: Harry de Jong | ISBN: 9789491536939 | Utjouwerij Louise | Bûn boek
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje