Hjitteweach yn Japan

juny 30, 2022 08:52

Foar de fyfde dei efterinoar hat Japan te krijen mei in hjitteweach. Yn Tokio hat de temperatuer in rekôr fan 150 jier âld brutsen en driget in stroomtekoart. De autoriteiten hawwe de Japanners frege om, as it kin, sunich mei stroom te wêzen.

Foto: pixabay.com

Yn Tokio is it yn ’e middei goed 35 graden, de heechst metten wearde dêr sûnt 1875. Ofrûne wykein waard it yn de stêd Isesaki, 85 kilometer noardwestlik fan Tokio, 40,2 graden, de heechste temperatuer ea metten yn juny. De hege temperatueren binne opmerklik om dizze tiid fan it jier en de hjitte liket noch net foarby: de ferwachting is dat dy yn elts gefal oant sneon oanhâldt. De hege luchtfochtichheid docht der noch in skepke boppe-op, de gefoelstemperatueren lizze om de fjirtich graden hinne.

Foto: pixabay.com

Deaden troch sinnestek
De drokte yn de binnenstêd fan Tokio is de lêste dagen ôfnommen. De hjitte jaget de measte minsken nei binnen ta, dêr’t ferkuoljende airconditioning draait. De minsken dy’t har wol op ’e dyk weagje, rinne safolle mooglik yn it skaad of drage in parasol. Underwilens is de sinnebrânkrêm op ferskate plakken útferkocht en kinne winkels net gau genôch de foarrieden draachbere miny-fentilatoaren en spesjale ôfkuolspuitbussen oanfolje. Op sosjale media diele minsken tips mei-inoar oer wat de bêste iisko’s binne om de simmer mei troch te kommen.

Mar it is net allinnich lyts leed. Yn elts gefal twa minsken binne troch in sinnestek ferstoarn, berjochtsje Japanske media. Yn Tokio en omkriten hawwe de autoriteiten frege om elektrisiteit te besparjen en sa in driigjende stroomsteuring foar te kommen. Japan hat minder stroom foarriedich, mei’t it noardeasten fan it lân yn maart troch in ierdskok troffen waard, en dêrtroch lizze in stikmannich kearnsintrales stil. De minister Hagiuda fan Hannel en yndustry riedt âlderen oan om harren airconditioners wol yn te skeakeljen. Blykber binne der âldere minsken dy’t harren ferkuollingsapparaat útskeakele hawwe om enerzjy te besparjen, mei’t se de advizen fan de oerheid letterlik nimme. Yn supermerken en warehuzen stiet de kuolling gewoan oan.

Normaal noch reinseizoen
Gewoanwei is yn in grut part fan Japan om dizze tiid fan it jier hinne it reinseizoen geande, mar de Japanske waartsjinst ferklearre tiisdei dat dat yn ’e regio Tokio foarby is; 22 dagen earder as normaal. Sûnt de mjittingen yn 1951 begûnen, hat dat noch nea sa betiid west. Yn Tokai yn sintraal Japan en yn in part fan it suden wurdt ek fan it koartste reinseizoen ea praat. Dêrom moatte minsken ek better oppasse. “Fuort nei de ein fan it reinseizoen binne in protte minsken noch net oan hjitte wend en rinne se in grutter risiko op in sinnestek”, warskôge de Japanske waartsjinst.

juny 30, 2022 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.