‘Het Uur van de Wolf’ oer de skatten fan de Krim

juny 11, 2022 08:35

It is in needlottich tafal dat útrint op in hast net út ’e tiis te heljen swierrichheid: wylst begjin 2014 yn it Amsterdamske Allard Pierson Museum in eksposysje fan keunstskatten út de Krim te sjen is, wurdt dat gebiet troch Ruslân anneksearre. Oan wa moatte nei ôfrin fan de útstalling de unike archeologyske fynsten weromstjoerd wurde? De lokale musa op ’e Krim dy’t se yn betrouwen útliend hawwe? Of oan Oekraïne, it lân dêr’t de Krim foar de anneksaasje ûnder foel?

Boarne: NTR

Nederlân is sûnder dat te wollen ta skiedsrjochter bombardearre. Yn de spannende dokumintêre De schatten van de Krim wit regisseur Oeke Hoogendijk unike tagong te krijen ta de haadrolspilers yn it ynternasjonale konflikt, en leit se de fokus op de identiteit fan beide folken, dy’t woartele binne yn in stoarmeftige skiednis.

De film gie yn 2021 yn premjêre op IDFA.

Boarne: NTR

Rezjy: Oeke Hoogendijk
Produksje: Zeppers Film

Utstjoering: moandei 27 juny om 20.25 oere by de NTR op NPO2

Besjoch in foarfilmke: www.youtube.com/watch?v=Ami6XN5ZMdo.

juny 11, 2022 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.