Henk Wolf: Oekraïne of de Oekraïne?
Resint ferskynd

Kollum
Hoe hyt it lân dat op it stuit sa slim ûnder Russyske oanfallen te lijen hat? Is dat lân Oekraïne of is it de Oekraïne, mei it lidwurd de derfoar? In pear jier lyn hie dat amper in fraach wurdich west: ik ha der yn 2018 sels in lyts ûndersykje nei dien en hast al myn ynformanten hienen it doe yn it Frysk oer de Oekraïne, dus mei it lidwurd.
Yn it Nederlânsk komt men op ‘t heden ek gauris de Oekraïne tsjin en sûnt de Russyske ynfal liket it hast in stipebetsjûging oan dat lân te wêzen om it lidwurd fuort te litten. De redenaasje dêrby is dat lânnammen yn it Nederlânsk gjin lidwurd krije soene. It genoatskip Onze Taal redenearret bygelyks sa.
Dêr kin men fan alles tsjin ynbringe. As earste dat as minsken it lidwurd wol brûke, der blykber in útsûndering op dy regel is. En as twadde dat der in heel soad systematyske útsûnderingen binne: letternammen lykas de DDR en de VS krije altyd in lidwurd, lânnammen dy’t op de steatsfoarm eingje, lykas het Verenigd Koninkrijk en de Bondsrepubliek ek, krekt lykas lânnammen yn it meartal lykas de Nederlandse Antillen en de Verenigde Staten van Amerika.
Frysk is lykwols gjin Nederlânsk, dat it boppesteande hoecht men yn it Frysk net yn de oerwaging te beheljen. Men kin jin better ôffreegje oft der yn it Frysk in reden is om ôf te wiken fan it bewende gebrûk fan it lidwurd.
Dat is net sa. Sterker noch: de strakke skieding tusken ierdrykskundige nammen dy’t wol in lidwurd krije kinne en sokken dêr’t dat net foar jildt, is typysk foar de Nederlânske standerttaal. Dy fanâlds keunstmjittige taal hat as foarskrift dat allinnich berchnammen, streeknammen en in pear fêste kategoryen fan lânnammen in lidwurd krije kinne: dêrom komt de Veluwe foar neist Twente, het Verenigd Koninkrijk neist Frankrijk.
Dat jildt net foar de folkstalen en it – ek fanâlds keunstmjittige – Standertfrysk slút oan by it folkstalige gebrûk. Yn dy talen kinne by alle typen ierdrykskundige nammen lidwurden foarkomme. In pear foarbyldkategoryen:
eilannen: it Amelân, Skylge
streken: de Wâlden, Gaasterlân
gemeenten: de Fryske Marren, Noardeast-Fryslân
plakken: de Lemmer, Ljouwert
lannen: it Belzelân, Spanje
Om dat lêste skift giet it fansels by (de) Oekraïne. Net allinnich slút it folkstalige de Oekraïne oan by deselde groepen lannen-mei-lidwurd dy’t it Nederlânsk ek hat (it Feriene Keninkryk, de DDR), mar ek by gefallen lykas it Belzelân en it Ongerslân. Dy’t mient dat yn Oekraïne (sûnder lidwurd) mar nuver heart of dy’t de Fryske tradysje foarrang jaan wol boppe de Hollânske moade, dy hat yn it Frysk dus alle reden om gewoan oan dy foarm fêst te hâlden. It lidwurd yn de Oekraïne te skrassen as stipebetsjûging foar de Oekraynske ûnôfhinklikens is yn it Frysk like ûneigen as wannear’t men it lidwurd fan it Amelân fuortlitte soe om de eilânstatuts dêrfan te út te ljochtsjen. Soks jildt ek foar oare nau besibbe standerttalen: yn it Dútsk ha se it ek oer die Schweiz en die Ukraine neist Schweden en Polen.
Al kin men jin ôffreegje oft it lidwurd yn it Frysk dan al of net mei in haadletter skreaun wurde moat, mar dat is wer in oare kwestje.
Mear oer dizze matearje:
https://neerlandistiek.nl/2019/06/van-oekraine-naar-het-ameland/
https://neerlandistiek.nl/2019/06/de-geordende-kijk-op-aardrijkskunde–van-de-standaardtaalspreker/
https://neerlandistiek.nl/2019/09/op-het-parliament-square/
http://www.demoanne.nl/op-hearrenfean-op-hearrenfean/
https://www.demoanne.nl/lemmer-en-de-lemmer/
Bêste Henk,
Guon hiene it grif graach oars sjoen, mar it is gemeente Waadhoeke sûnder de!
Goeie, Cor,
Formeel hast fansels gelyk – dit is in gefal dêr’t de offisjele namme ôfwykt fan wat Frysktaligen spontaan sizze soenen. Alteast, dat wie it argumint fan de minsken dy’t ‘de’ der offisjeel graach by ha woenen. Ik sjoch dat de Nederlânske Wikipedia ek de Fryske “oersetting” mei lidwurd jout.
In ferlykber gefal is “de Dongeradelen”. Bettere foarbylden, dêr’t de formele Fryske namme ek in lidwurd hat, binne “it Bilt”, “it Amelân” en “de Fryske Marren” (al of net mei haadletters, mar dy diskusje lit ik efkes gewurde).
Önj “e Naarerlönje” seed ik je uk (mååstens natörlik Hullönj). “Naasri” (t.b. foon korn) än “naarerkop” san diling mååst ünbekånd.
En sats as “Jü booget önjt Dånsch” koost nuch iisen hiire. Tu di dånsche stoot sääns t.b. “E dånsche hääwe dit än dåt beschlin – -“.
Goeie Henk,
It spyt my mar it ferhaal op de Frysktalige Wikipedia doocht net. En om’t de Nederlânsktalige soks oernimt, is de betizing folslein.
De eigennamme fan de gemeente Waadhoeke hat no ienris gjin ‘de’ en dy is der histoarysk ek net troch de Friezen oan ta heakke. De gemeente bestiet ommers noch mar krekt.
Omdatsto dêr mei dyn foarbyld ek nochris yn meigiest fersterkest de fout allinne mar. Hiest ek it foarbyld fan De Fryske Marren oanhelje kinnen.
Do hast gelyk, Cor, dat is in better foarbyld, dat gâns minder betizing opropt. Ik sil it oanpasse yn it stik.