Henk Wolf: In Fries dy’t gjin Frysk ferstiet?

juny 22, 2022 16:48

Kollum

De boargemaster fan Helgolân hold okkerdeis út dat emansipaasje fan it Frysk dêre net mooglik wie, om’t der minsken mei mar leafst 34 ferskillende nasjonaliteiten op it eilân taholden. En dizze wike frege in sjoernalist my oft it noch wol mooglik wie om minderheids- en streektalen te brûken, no’t der safolle flechtlingen nei West-Europa ta kamen. Dat is in gefaarlike manier fan tinken.

Myn antwurd oan de sjoernalist wie dat dy minsken net grut wurden wienen mei it idee dat it Nederlânsk of Dútsk boppe it Frysk of Nedersaksysk stean soe – en dat se dus allegear potinsjele nije sprekkers fan dy lytse talen binne.

Dat giet lykwols net fansels, dêr moat al belied foar komme, dat seit himsels. En dêr is in beskaat tinken foar nedich, nammentlik it tinken dat in taal lykas Frysk of Nedersaksysk of Katalaansk derby heart yn de regio. Dat is heel wat oars as te tinken dat sa’n taal inkeld mar wêze soe foar wa’t him tafallich fan heit en mem meikrijt of der sin oan hat om him op kursus te learen.

Yn Kataloanië ha se dêr belied foar makke: wa’t út in oar lân nei Kataloanië ta komt, kriget fuortendaliks in kursus Katalaansk oanbean. It regear fan de dielsteat Kataloanië soarget derfoar dat minsken de swakste taal as earste leare, mei it idee dat se de sterkere – it Spaansk – der doch wol by leare. Dat is in foarkarsbelied foar de swakste taal en dêrmei in maatregel om de Katalaanske taalgroep te emansipearjen. Soks wurdt wol “positive diskriminaasje” neamd en ferlykbere maatregels wurde ek wol brûkt om mear froulju oan banen te helpen dêr’t net in soad froulju yn wurkje. Dat sei ik ek tsjin de Helgolanner boargemaster, mar dy hie der net folle ear foar.

As sokke positive-diskriminaasjemaatregels foar lytse talen net naam wurde, dan krije wy de situaasje dy’t in East-Fries my okkerdeis beskreau: hy fertelde fan in doarpsgenoat dy’t himsels as East-Fries beskôge, yn East-Fryslân grut wurden wie en der altyd wenne en wurke hie, mar it Platdútsk fan de streek amper ferstie. Soks kin blykber. Yn ús provinsje Fryslân is it ek net út te sluten dat der yn Ljouwert of Harns minsken grut wurde dy’t amper Frysk fersteane. Se kinne dêr yn in Hollânsktalige enklave sitte en amper mei it Frysk yn kontakt komme. Se sjogge Fryslân ek as har thús, mar sûnder har derfan bewust te wêzen dat dêr in heel soad Frysk praat wurdt. Foar harren is Fryslân yn it foarste plak Nederlânsktalich.

As wy wolle dat it Frysk op in natuerlike manier by Fryslân heart, dan moat it de taal wêze fan elkenien dy’t der wennet, oft dy it no mei de brijleppel, oer de hage of fan in skoalboerd leard hat. En oft syn âldelju no út Holwert, Rotterdam of Marioepol komme. Dat kin inkeld mar as de Fryske taal bytiden foarrang krijt op dy oare, grutere, dy’t der ek by heart, mar dy’t spitigernôch noch altyd wat stiver yn ‘e skuon stiet. Want in Fries dy’t gjin Frysk ferstiet, dat moat like raar bliuwe as in paraplots dy’t jo net droech hâldt of in fyts dêr’t jo net op ride kinne.

juny 22, 2022 16:48
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Wim juny 23, 15:05

    Wat dy flechtlingen oanbelanget, meie dy hjir eins wol pleatst wurde? Neffens my mei de steat neat dwaan om it folk de Friezen te ferwetterjen, en mei de steat ek neat dwaan dwan dat de taal yn gefaar bringt (neffens it hânfêst).

    No sil Fryslân ek syn stientsje wol bydrage moatte, mar dan mei men bêst kritysk sjin nei de leeftiden. Ien fan 3 yn in lyts Frysktalich doarpke leart mooglik beide talen. Foar ien fan 15 sil it al dreech wêze om 1 te learen omdat beide talen trochinoar brûkt wurde. Foar sawol it Frysk as foar dy persoan fan 15 is it better dat dy pleatst wurdt yn in ientalich Hollânsk gebiet.

  2. Zeend juny 27, 12:23

    Henk, dat is no krekt it nuvere oan de ûntheffings Frysk op skoallen yn plakken dêr’t wat minder Frysk praat wurdt. As (yntusken eks-) Ljouwerter fernuverje ik my der alle kearen wer oer hoefolle minsken ik Frysk praten hear, en in ûnderwiis dat mei oerheidsstipe ús taal negearret.
    Krekt yn sa’n gebiet moat it Frysk stipe wurde, sadat elts it ferstiet en de Frysktaligen de taal better leare en fernimme dat hja der ta dogge.

  3. Cor Jousma juny 28, 11:15

    Zeend, yn “Zuiderburen” (Ljouwert) kin gjin statushâlder de hier fan in hûs betelje. Dan prate wy mar net oer it keapjen fan sa’n ding.

    De iene basisskoalle hat dêr foar it Frysk in profyl B en de oare in rommelprofyl. Profyl A is it heechst!. Ik neam soks gewoan fraude. Ommers op beide skoallen sitte allinne mar Frysk- en Nederlânsktalige bern.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.