Hâld de troch begear befleine hurdfleaners ho!
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Op it polityk foarum, dat in ûnderdiel wie fan it Friesendroapen op Hilgelân (“Friezen-treffen” fan 20.5.2022 – 22.5.2022), waard besprutsen hoe’t de delgong fan it Frysk opkeard wurde moast. Yn Noard-Fryslân krije hieltiten minder bern les yn harren memmetaal en op Hilgelân wurdt al trije jier lang gjin Halûndersk mear op skoalle jûn.
De politisy griepen lykas wênstich de kâns om harren grutte ljochten oer de matearje skine te litten. Mar doe’t Henk Wolf mei it útstel kaam, op grûn fan it wittenskiplik algemien akseptearre argumint, dat in minderheidstaal of efterstelde taal allinne kâns fan oerlibjen hat, as dy taal op guon gebieten privileezjes hat foar de boppelizzende, oerhearskjende taal oer, om de memmetaal as earste ynstruksjetaal op skoalle te brûken, doe feroare der wat yn de seal.
By it publyk krige er de hannen opinoar, mar ús gasthear, de boargemaster fan Hilgelân, Jörg Singer, batste deryn en sei dat it op Hilgelân, dêr’t fjouwerentritich nasjonaliteiten mei-inoar libje moatte, totaal ûnrealistysk wêze soe as de bern ek nochris Halûndersk op skoalle leare moatte soene. It wie yn ien kear stil en sels Henk Wolf wie sprakeleas, of hie er betocht dat tsjin safolle dommens gjin arguminten opwoeksen binne?
Der wenje 1246 minsken op it eilân (yn 2017), mar simmers giet dat oantal mannich kearen oer de kop. Hilgelanners binne gastfrije minsken; hja fertsjinje ommers harren brea foaral mei it toerisme en fan fjochterijen of maatskiplike strideraasje op it eilân is absolút gjin sprake. Wêrom soe de eigen befolking dan syn eigen taal opjaan moatte? Om’t dy twa-enfjirtich oare nasjonaliteiten der mooglik gjin boadskip oan hawwe? Mar dy minsken binne ommers meastentiids mar in pear moanne op Hilgelân; kinne hja dan dochs wat te kediezen hawwe oer wat de Hilgelanners op skoalle leare moatte?
It is ek wittenskiplik fêststeld dat mobiliteit, yn de romste betsjutting, de grutste bedriging is foar lytse talen. Jörg Singer is dêr in eksponint fan: berne yn Konstanz, hat manager west yn Sina en de Feriene Steaten en wol op it eilân no de ferkearsferbiningen, de finansjele sektor en de offshoreyndustry fersterkje: Hilgelân wurdt, as it oan him leit, in Manhattan yn in Noardsee fol mei wynmûneparken! De namme Singer en mobiliteit binne suver synonimen. Foar in wrâldboarger as hy is sa’n beheind, efterlik, lytsboargerlik taaltsje mar in stean-yn-’e-wei.
In dei letter makke Jörg Singer it jitte bûnter. Yn in ynterview mei Onno Falkena fan Omrop Fryslân sei er dat der noch mar hûnderttweintich Halûndersksprekkers binne en dat dy allegearre boppe de fiifensantich jier binne. Op de fraach oft er ek yn noed siet dat it Halûndersk útstjerre soe, wie it andert, dat er wis wie, dat it Halûndersk útstjerre soe. It ymplisite andert op Falkena syn fraach wie dus dat er dêr ek net oer yn noed siet.
Mar dat moast er no krekt wol, want it Halûndersk is in offisjeel erkende taal en wurdt beskerme troch it Ramtferdrach foar de beskerming fan Minderheidstalen, in Europeesk ferdrach dat Dútslân ûndertekene hat. De Dútske oerheid, en dêr makket Singer diel fan út, is ferplichte om noed te stean foar it Halûndersk.
Wat Singer fertelde is trouwens ek net wier. Der kamen wy deselde jûn yn de noflike gearsit al efter. De frou en ik sieten doe foar twa Hilgelanner froulju oer, dy’t earne yn de fjirtich en fyftich jier wiene – dus rom ûnder de fiifensantich. De jongste wie op de fêstewâl berne, de âldste op Hilgelân, mar beiden praten Halûndersk.
Wikipedy jout oan dat fiif jier lyn rûchwei de helte fan de bewenners noch Halûndersk spraten – dat binne der dus sa’n 620. Wêr binne yn fiif jier tiid dy oare fiifhûndert dan bedarre?
Singer hat Falkena mar wat wiismakke om ûnder syn plichten wei te kommen. Dêr moat er troch de polityk of by need troch de rjochter op oansprutsen wurde. As Friezen kinne wy it ek net samar gewurde litte. In oare kear kinne wy net allinne yn klaaiïnge yn optocht oer it eilân gean; dan moatte der spandoeken mei, want dy bern dêr hawwe ek rjocht op ûnderwiis yn harren eigen taal en dat moatte wy útsprekke!
Mar it bêste soe wêze dat wy ús beskermje tsjin sokke kulturele brokkepiloaten as Jörg Singer, troch in bettere kontrôle op harren plannen te regeljen, sadat dy ús taal en kultuer net mear bedriigje kinne. Lykas de omjouwing beskerme wurdt, trochdat der in miljeu-effektrapportaazje fereaske wurdt by bouplannen, sa soe der in kulturele miljeu-effektrapportaazje easke wurde moatte by alle plannen dêr’t de mobiliteit fan minsken mei anneks is. Deskundige en ûnôfhinklike taalsosjologen soene beoardielje moatte oft de taal- en kultuerbeskermjende maatregels, dy’t yn nije plannen sitte moatte, foldogge om de skeadlike ynfloed fan de tanommen mobiliteit te kompensearjen.
Hoe keare jo oars de troch jildbegearte oanjage managers op lykas Singer, dy’t fan Hilgelân in metropoal meitsje wol, dat der dan by einbeslút lykwols syn dierberste eigenheid by kwytreitsje moat?
Piter Dykstra
Mitselwier
Dútsers binne wei fan it brûken fan de Ingelske taal. Miskien hie Henk better de trijetalige skoalle op it aljemint bringe kind. De Fryske Akademy kin se sa op wei helpe.